Springe nei ynhâld

Henry Wadsworth Longfellow

Ut Wikipedy
De ferzje fan 2 jan 2024 om 22.32 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (Inkele dinkjes weromset fan Lytsewâld syn feroarings dy't net fout wiene, mar Frysk taaleigen. Fierders tank foar it útsuverjen fan in stikmannich dingen dy't wól flaters wiene.)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Henry Wadsworth Longfellow
skriuwer
persoanlike bysûnderheden
echte namme Henry Wadsworth Longfellow
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 27 febrewaris 1807
berteplak Portland (Maine)
stoarn 24 maart 1882
stjerplak Cambridge (Massachusetts)
etnisiteit Ingelsk
wurk
taal Ingelsk
sjenre poëzij, lit. romans & koarte ferh.
perioade 19e iuw
streaming Romantyk
bekendste
  wurk(en)
The Song of Hiawatha
Evangeline
Paul Revere's Ride
Birds of Passage
The Revenge of Rain in the Face
jierren aktyf 18331882
offisjele webside
www.hwlongfellow.org

Henry Wadsworth Longfellow (Portland (Maine), 27 febrewaris 1807Cambridge (Massachusetts), 24 maart 1882) wie in Amerikaansk dichter, skriuwer, oersetter en heechlearaar. Hy is benammen bekend wurden troch syn epyske gedichten The Song of Hiawatha en Evangeline, en troch koarte gedichten as Paul Revere's Ride en Birds of Passage. Teffens skreau er proaza, lykas de romans Kavanagh en Hyperion. As oersetter wied er de earste Amerikaan dy't De Godlike Komeedzje, fan Dante Alighieri, yn it Ingelsk fertaalde. Longfellow wie heechlearaar oan it Bowdoin College yn Maine en letter prefester moderne talen oan 'e Universiteit fan Harvard. Syn poëzij stiet bekend om 'e muzikaliteit, en Longfellow woeks út ta de populêrste Amerikaanske dichter fan syn tiid, wylst er ek yn it bûtenlân tige bewûndere waard. Syn kritisy fûnen lykwols dat er de Jeropeeske dichtstilen tefolle neibearde, en dat er boppedat de winsken fan syn publyk boppe de keunstfoarm stelde.

Komôf en jonkheid

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Henry Wadsworth Longfellow waard berne op 27 febrewaris 1807 yn Portland, yn 'e tsjintwurdige steat Maine, al wie dat doe noch in distrikt fan 'e steat Massachusetts. Hy wie de twadde yn de húshâlding fan acht bern fan 'e abbekaat Stephen Longfellow en dy syn frou Zilpah Wadsworth, de dochter fan Peleg Wadsworth, in generaal út 'e Amerikaanske Unôfhinklikheidsoarloch en in lid fan it Amerikaanske Kongres. Longfellow waard ferneamd nei syn omke Henry Wadsworth, in marineluitenant dy't trije jier tefoaren yn Noard-Afrika sneuvele wie yn 'e Twadde Slach om Tripoly, in obskuer militêr treffen tusken de Feriene Steaten en it Osmaanske Ryk fanwegen de piraterij fan 'e Barbarijske seerôvers.

Longfellow syn bertehûs yn Portland, yn 'e steat Maine, omtrint 1910 (it gebou waard sloopt yn 1955).

Longfellow krige syn earste ûnderwiis doe't er trije jier wie, en doe't er seis wie, waard er ynskreaun oan 'e Portland Academy, dêr't er bleau oant syn fjirtjinde. Hy hie dêr de namme tige goed leare te kinnen, en spriek op 't lêst floeiend Latyn. Syn mem fitere him oan yn syn entûsjasme foar lêzen en learen troch him yn 'e kunde te bringen mei û.m. Robinson Crusoe en Don Quichot. Syn earste gedicht, it histoaryske The Battle of Lovell's Pond, publisearre Longfellow yn 1820, doe't er fjirtjin jier wie, yn 'e Portland Gazette, de pleatslike krante. Yn 1822, sette er op syn fyftjinde útein mei syn stúdzje oan it Bowdoin College yn Brunswick, yn Maine, dat syn pake mei-oprjochte hie. Doe't er dêr yn 1825 cum laude ôfstudearre, hied er al hast fjirtich gedichten yn in ferskaat oan kranten en tydskriften publisearre.

Reis nei Jeropa en prefesterskip oan it Bowdoin College

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn maaie 1826 sette Longfellow ôf foar in rûnreis troch Jeropa, wêrby't er Frankryk, Spanje, Portegal en Dútslân oandie en Frânsk, Spaansk, Portegeesk en Dútsk learde. Syn reis duorre úteinlik trije jier, en koste syn heit goed $2.600, wat yn dy tiid in kaptaal wie. Doe't Longfellow yn 1829 yn Amearika weromkearde, die Bowdoin College him op 'e nij it oanbod fan in prefesterskip, dat se him foàr syn reis ek al dien hiene. Longfellow betanke derfoar, mei't er it salaris fan $600 te leech fûn yn ferhâlding ta al it wurk dat der fan him ferwachte wurde soe. Dêrop waard it lean daliks ferhege ta $800, op betingst dat er njonken syn heechlearaarskip ek as bibletekaris fungearje soe. Longfellow naam de posysje doe oan. Under syn jierren oan it Bowdoin College sette er ferskate skoalboeken oer út it Frânsk, Italjaansk en Spaansk.

Mary Storer Potter, Longfellow syn earste frou.

It earste boek dat Longfellow publisearre, wie in fertaling fan it wurk fan 'e Midsiuwske Spaanske dichter Jorge Manrique. Hy brocht ek in reisferhaal út, Outre-Mer: A Pilgrimage Beyond the Sea, basearre op syn eigen besyk oan Jeropa. Op 14 desimber 1831 boaske er oan Mary Storer Potter, in frommeske út Portland dat er al fan bern ôf oan koe. Se setten harren nei wenjen yn Brunswick, mar dêr wie it Mary net nei 't sin. Nei't it skynt, wie Longfellow oan it Bowdoin College ek net botte tefreden; hy skreau: "Ik kin pinne, inket en papier net mear sjen of luchtsje. [...] Ik wegerje te leauwen dat ik berne bin foar sa'n lot. Ik haw my heger rjochte as dit."

Harvard en earste widnerskip

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ein 1834 krige Longfellow in oanbod fan 'e Universiteit fan Harvard om dêr prefester moderne talen te wurden, op betingst dat er earst in jier om utens reizgje soe. Hy griep dy kâns mei beide hannen oan, en helle yn 1835, ûnder in nije reis nei Jeropa, net inkeld syn Dútsk op, mar studearre ek Nederlânsk, Deensk, Sweedsk, Iislânsk en Finsk. Yn oktober 1835 krige Mary yn Rotterdam in miskream doe't se likernôch seis moanne hinne wie. Se bettere net wer op, en stoar op 29 novimber 1835, doe't se noch mar 22 jier wie. Longfellow liet har lichem balsemje en nei Amearika ferfiere, dêr't se te Cambridge, ûnder de reek fan Boston, begroeven waard. Hy wie djip rekke, en skreau: "Ien tins mealt my dei en nacht yn 'e holle om... Se is dea — Se is dea! Ik bin de hiele dei wurch en tryst." Trije jier letter pas koed er safolle ôfstân fan it barren nimme dat er it gedicht Footsteps of Angels oer Mary skriuwe koe.

Doe't er yn 1836 nei de Feriene Steaten weromkearde, naam er it heechlearaarskip oan 'e Universiteit fan Harvard oan. Om't er deunby de kampus wenje moast, hierde er yn 'e maityd fan 1837 keamers yn it Craigie House, in âld haadkertier út 'e Amerikaanske Unôfhinklikheidssoarloch fan George Washington, de earste Amerikaanske presidint. Tsjintwurdich is dat gebou in beskerme monumint mei as namme it Longfellow House-Washington's Headquarters National Historic Site. As prefester mochten de measten Longfellow graach lije, en hy kaam te Harvard yn 'e kunde mei û.o. de lettere senator Charles Sumner, dy't syn bêste freon waard. Yn 1839 publisearre Longfellow syn earste dichtbondel, Voices of Night. In pear jier letter, yn 1841, folge Ballads and Other Poems, dêr't û.m. de gedichten The Village Blacksmith en The Wreck of the Hesperus ta hearden, dy't fuortendaliks populêr waarden.

Fanny Appleton, Longfellow syn twadde frou.

It stykjen om Fanny Appleton

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Wylst er lesjoech te Harvard begûn Longfellow te stykjen om Frances "Fanny" Appleton, de dochter fan 'e rike Bostonster yndustrialist Nathan Appleton en de suster fan 'e skriuwer en keunstner Thomas Gold Appleton. Yn 't earstoan seach hja Longfellow net stean, mar hy hold oan as kâld wetter. Yn july 1839 skreau er oan in freon: "de oerwinning liket twifelich. De dame seit fan 'nee'! Ik sis dat se fan 'ja' sizze sil! It is net grutskens, mar hertstochtlike sljochtsinnigens." De hofmakkerij soe úteinlik sân jier duorje. Tusken de bedriuwen troch publisearre Longfellow ein 1839 syn earste proazawurk, de roman Hyperion, dy't ynspirearre wie troch syn reizen om utens en Fanny Appleton har ôfhâldichheid. Teffens naam er in healjier lins om yn in Dútsk kueroarde fan oerspandheid te bekommen. Doe't er wer thúskaam, publisearre er it toanielstik The Spanish Student, dat basearre wie op syn oantinkens oan syn eigen tiid yn Spanje yn 'e 1820-er jierren. Yn 1842 brocht er fierders syn dichtbondel Poems on Slavery út, wêryn't er him foar it earst tsjin it ynstitút fan 'e slavernij kearde en it abolisjonisme ûnderstipe. Der waard lykwols sein dat syn gedichten "sa myld [wiene], dat sels in slavehâlder se lêze koe sûnder syn sin oan iten te ferliezen", en ek waard de bondel betitele as "it tinste fan al mynh. Longfellow syn tinne boekjes." Oan 'e oare kant wie de New England Anti-Slavery Association der tefredenernôch oer om in werprintinge út te bringen.

Longfellow mei syn twadde frou Fanny Appleton en harren bern (1849).

Op 10 maaie 1845, nei't er sân jier wurk fan har makke hie, ûntfong Longfellow einlings it brief fan Fanny Appleton wêryn't se him tawurd joech. Longfellow wie sa oerémis, dat er him, ynstee fan in rydtúch te nimmen, yn oardel oere geandefoet nei har hûs bejoech. It pear troude koarte tiid letter. Longfellow wie alhiel fan syn Fanny besleifere, en droech ferskate gedichten oan har op, wêrûnder it sonnet The Evening Star (1845). Hy en Fanny krige seis bern: Charles Appleton (1844-1893), Ernest Wadsworth (1845-1921), Fanny (1847-1848), Alice Mary (1850-1928), Edith (1853-1915) en Anne Allegra (1855-1934).

Underwilens publisearre Longfellow ein 1847 syn epyske gedicht Evangeline, oer de grouwélige deportaasje troch de Britske koloniale machthawwers fan 'e Akadiërs, de iere Frânske kolonisten, út 'e Kanadeeske provinsjes Nij-Skotlân en Nij-Breunswyk. Syn ynkommen út syn literêre publikaasjes naam stadichoan ta: yn 1840 fertsjinne er der $219 mei; yn 1850 wie dat $1.900 wurden. Yn 1854 ferliet Longfellow úteinlik Harvard om him folslein op syn skriuwerij ta te lizzen. Yn 1859 ûntfong er fan Harvard noch in earedoktoraat.

Twadde widnerskip

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op 9 july 1861, doe't Fanny in kefert besocht te fersegeljen mei hjitte waaks, wylst Longfellow eefkes in slûchje die, kaam se blykber te ticht mei har klean by de kjers dêr't se de waaks mei rane liet, en fleach har jûpe ynienen yn 'e brân. In heale iuw letter fertelde Longfellow syn jongste dochter Annie it ferhaal oars. Neffens har wie der kefert, noch waaks, noch kjers, mar begûn it fjoer ynstee troch in selsûntbrânende lúsjefers, dy't oer de flier fallen wie. Hoe dan ek, Longfellow, dy't wekker waard fan Fanny har gjalpen, hastige him om har te helpen en besocht de flammen mei in tapyt te smoaren. Dat tapyt wie lykwols te lyts, dat wêr't it fjoer der ûnderút kaam, brûkte er syn eigen lichem om it te dôvjen. Hy krige de flammen út, mar tsjin dy tiid wie Fanny al swier ferwûne. Nettsjinsteande medyske soarch wie se de hiele nacht by hoartsjes bewusteleas en by besleur, oant se de oare moarns koart nei tsienen ferstoar. Longfellow hie sels sokke slimme brânwûnen oprûn dat er har begraffenis net bywenje koe. Fanwegen de groeden yn syn gesicht hold er neitiid op fan skearen, sadat er it grutte burd krige dêr't er om bekend kaam te stean.

It stânbyld fan Longfellow yn 'e Amerikaanske haadstêd Washington.

Longfellow wie alhiel fan 'e wrâld troch Fanny har dea. Hy kaam der nea folslein oerhinne, en naam út en troch syn taflecht ta laudanum en eter om mei syn fertriet omgean te kinnen. Hy siet der bytiden oer yn noed dat er gek wurde soe, frege dan syn neisten om him net yn in gesticht te stopjen en sei dat er "fan binnenút deablette". Achttjin jier letter joech er útdrukking oan syn fertriet yn it sonnet The Cross of Snow (1879), dat noch altyd in protte lêzen wurdt.

Letter libben en dea

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei de dea fan syn twadde frou foel dichtsjen en skriuwen him swier, en rjochte Longfellow him sadwaande in skoft fral op oersetten. Ferskate jierren bestege er oan syn fertaling fan it dichterlik masterwurk fan Dante Alighieri, De Godlike Komeedzje, út it Italjaansk. Dêrby frege er stipe oan in groepke fan syn freonen, dy't har de Dante Club neamden, en dy't fan 1864 ôf eltse woansdei gearkamen. De oersetting kaam yn 'e maityd fan 1867 yn trije dielen út, al gie Longfellow troch mei der ferbetterings yn oan te bringen. It wie de earste fertaling fan De Godlike Komeedzje troch in Amerikaan, en it wurk waard yn it earste jier al trije kear werprinte. Syn lêste jierren wurke Longfellow oan 'e oersetting fan 'e poëzij fan Michelangelo. Hoewol't er it sels by syn dea noch net ôf fûn, waard der yn 1883 in postume edysje fan útjûn.

Op 22 augustus 1879 kaam in froulik bewûnderer by Longfellow oan 'e doar, dy't him, sûnder dat se trochhie dat hy it sels wie, frege oft de dichter Longfellow yn dit hûs berne wie. Doe't er antwurde dat dat net sa wie, frege se oft Longfellow der dan miskien stoarn wie. "Noch net," seid er. Yn maart 1882 moast er it bêd hâlde mei slimme pinebúk. Mei help fan opium trochstied er dat ferskate dagen, oant er op freed 24 maart 1882 yn it bywêzen fan syn famylje kaam te ferstjerren oan búkfluesûntstekking. Hy liet in fermogen fan mear $356.000 nei, en waard begroeven op it Mount Auburn-begraafplak yn Cambridge (Massachusetts), yn ien grêf mei syn beide froulju. Yn 1884 waard yn 'e Poets' Corner fan 'e Londenske Westminster Abbey in boarstbyld fan him pleatst. Hy wie de earste Amerikaanske dichter dy't op dy manear eare waard.

Yn syn tiid wie Longfellow de populêrste Amerikaanske dichter, dy't bygelyks yn 1874 it gedicht The Hanging of the Crane foar $3.000 wist te ferkeapjen oan 'e New York Ledger: mear as dat der ea foar in inkeld gedicht betelle wie. Tsjintwurdich, lykwols, wurdt noch mar in lyts part fan syn oeuvre lêzen. Syn wurk wurdt op 't heden as boargerlik en sentiminteel beskôge. Hy wie oars in treflik ferstechnikus en syn lyryske poëzij, ferneamd om syn muzikaliteit, is tagonklik mei't de gedichten faak werkenbere tema's hawwe en yn in ienfâldige, mar blomrike taal skreaun binne. Kritisy wiene doedestiden lykwols fan tinken dat er Jeropeeske stilen neibearde en dat syn wurk tefolle foar de massa ornearre wie.

Op it mêd fan syn oersettings moat Longfellow neijûn wurde dat er in protte Jeropeeske poëzij foar Amerikanen tagonklik makke hat. Oarsom binne trouwens Longfellow syn tema's en figueren út 'e Amerikaanske folkloare troch Jeropeeske skriuwers oernommen en sa diskant de oseaan buorkundich makke. Sa hat bygelyks de Flaamske dichter Guido Gezelle in bewurking fan Hiawatha makke.

proaza
  • 1835: Outre-Mer: A Pilgrimage Beyond the Sea (reisferhaal)
  • 1839: Hyperion, a Romance (roman)
  • 1843: The Spanish Student: A Play in Three Acts (toanielstik)
  • 1845: The Waif (ferhalebondel)
  • 1849: Kavanagh (roman)
  • 1868: The New England Tragedies
  • 1871: The Divine Tragedy
  • 1872: Christus: A Mystery
  • 1874: Poems of Places (ferhalebondel)
gedichten
dichtbondels
  • 1839: Voices of the Night
  • 1841: Ballads and Other Poems
  • 1842: Poems on Slavery
  • 1845: The Belfry of Bruges and Other Poems
  • 1845: Birds of Passage
  • 1850: The Seaside and the Fireside
  • 1858: The Courtship of Miles Standish and Other Poems
  • 1863: Tales of a Wayside Inn
  • 1865: Household Poems
  • 1867: Flower-de-Luce
  • 1872: Three Books of Song
  • 1875: The Masque of Pandora and Other Poems
  • 1878: Kéramos and Other Poems
  • 1880: Ultima Thule
  • 1882: In the Harbor
  • postúm: Michel Angelo: A Fragment (ûnfoltôge)
oersettings
  • 1833: Coplas de Don Jorge Manrique (út it Spaansk)
  • 1844: Poets and Poetry of Europe (út in ferskaat oan talen)
  • 1867: Dante's Divine Comedy (út it Italjaansk)

Ien fan Longfellow syn bekendste gedichten (fral yn Amearika) is Paul Revere's Ride, dat giet oer de Amerikaanske kolonist Paul Revere, dy't yn 'e tiid fan 'e Amerikaanske Unôfhinklikheidsoarloch in nuodlike nachtlike rit ûndernaam om 'e Amerikanen te warskôgjen foar in op hannen wêzende Britske oanfal.

iepening

Listen my children and you shall hear
Of the midnight ride of Paul Revere
On the eighteenth of April, in Seventy-five
Hardly a man is now alive
Who remembers that famous day and year

He said to his friend, "If the British march
By land or sea from the town to-night
Hang a lantern aloft in the belfry arch
Of the North Church tower as a signal light
One if by land, and two if by sea
And I on the opposite shore will be
Ready to ride and spread the alarm
Through every Middlesex village and farm
For the country folk to be up and to arm.

en de ein

In the hour of darkness and peril and need,
The people will waken and listen to hear
The hurrying hoof-beats of that steed,
And the midnight message of Paul Revere.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Sources, op dizze side.