Springe nei ynhâld

Berjocht:Side fan de wike 2025/wike 26

Ut Wikipedy
De ferzje fan 22 okt 2024 om 22.45 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (wike 26)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)

Sûker, ek bekend as kristalsûker of tafelsûker, is in fiedingsmiddel mei in tige swiete smaak, dat dêrom rûnom yn iten en drinken brûkt wurdt as swietstof. In protte minsken dogge it bgl. as kondimint yn tee en kofje, en it wurdt as yngrediïnt ek tafoege oan in protte gerjochten. Sûker wurdt yn fabriken wûn út beskate lânbougewaaksen, om persiis te wêzen sûkerreid en sûkerbiten. Men makket sadwaande ûnderskie tusken reidsûker, dat wrâldwiid folle mear foarkomt, en bytsûker, dat ûnder mear op it fêstelân fan Jeropa de merk behearsket. Sa is frijwol alle sûker yn Nederlân bytsûker. Sacharoaze, de algemiene beneaming foar sûker yn 'e skiekundige sin, is in koalhydraat, mear spesifyk in disacharide mei de molekúlformule C12H22O11.

Lês fierder