Legere 48 steaten
De legere 48 steaten, soms ek wol de oaniensletten Feriene Steaten neamd, binne de 48 steaten fan 'e Feriene Steaten fan Amearika (plus it federaal distrikt Washington, D.C.) dy't op it Noardamerikaanske kontinint in oaniensletten grûngebiet foarmje. Dat yn tsjinstelling ta de oare beide Amerikaanske steaten, Hawaï, in eilannegroep yn 'e midden fan 'e Stille Oseaan, en Alaska, dat wol op it Noardamerikaanske fêstelân leit, mar gjin lângrins dielt mei de legere 48 steaten. As sprutsen wurdt fan 'e kontinintale Feriene Steaten, bedoelt men de legere 48 steaten en Alaska, mar sûnder Hawaï.
De legere 48 steaten wurde yn it noarden begrinzge troch Kanada, yn it westen troch de Stille Oseaan, yn it súdwesten troch Meksiko, yn it suden en súdeasten troch de Golf fan Meksiko, en yn it easten troch de Atlantyske Oseaan. Grutte lânskipseleminten yn dat gebiet binne de berchtmen fan 'e Rocky Mountains en de Appalachen, rivieren as de Mississippy, Missoery, Ohio, Colorado en Columbia, en fierders de Grutte Flakten, de Grutte Marren en de Grutte Dobbe.
Yn totaal beslane de legere 48 steaten (Washington, D.C. ynbegrepen) in oerflak fan 8.080.464,3 km², wêrfan't 5,2% út oerflaktewetter bestiet. Yn 2010 hie it gebiet krapoan 307 miljoen ynwenners, oftewol 99,3% fan 'e hiele befolking fan 'e Feriene Steaten. De befolkingstichtens bedroech 40,0 minsken de km², wylst dat sifer foar de hiele Feriene Steaten 33,7 minsken de km² wie.
Steaten
De legere 48 steaten binne:
Fierders heart ta de 'legere 48 steaten' ek it federale distrikt Washington, D.C.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, op dizze side. |