Springe nei ynhâld

Malibu (Kalifornje)

Ut Wikipedy
The printable version is no longer supported and may have rendering errors. Please update your browser bookmarks and please use the default browser print function instead.
Malibu
Emblemen
            
Bestjoer
Lân Feriene Steaten
Steat Kalifornje
County Los Angeles County
Gemeente Malibu
Sifers
Ynwennertal 12.777 (2018)
Oerflak 51,4 km² (ynkl. wetter)
51,3 km² (allinnich lân)
Befolkingsticht. 249,1 / km²
Stêdekloft Los Angeles
Hichte 32 m
Oar
Stifting 1926
Tiidsône UTC –8
Simmertiid UTC –7
Koördinaten 34°02′06″N 118°41′42″W
Offisjele webside
www.malibucity.org
Kaart
De lizzing fan Malibu (read) yn Los Angeles County en yn 'e steat Kalifornje.

Malibu (útspr.: ['mælɪbu:], likernôch: "mel-luh-bûû"; Spaansk: Malibú, útspr.: [mali'bu], likernôch: "ma-li-") is in stêd en gemeente yn 'e Amerikaanske steat Kalifornje, yn 'e regio Súdlik Kalifornje, fuort bewesten Los Angeles. De stêd strekt him oer in lingte fan 34 km út by de kust fan 'e Stille Oseaan lâns, en stiet bekend om syn oangename klimaat, syn strannen, en it feit dat der in protte ferneamde persoanen út 'e filmyndustry fan Hollywood wenje. Malibu leit oan 'e Pacific Coast Highway. As plak waard it yn 1926 stifte, en yn 1991 krige it de status fan stêd. Neffens in offisjele skatting út 2018 wennen der dat jiers krapoan 13.000 minsken.

Etymology

De namme 'Malibu' is in ferbastering fan Humaliwo, út 'e Fentoerenjo-taal fan 'e Tsjûmasj-Yndianen, mei de betsjutting: "De Brâning Klinkt Lûd". Dat wie de namme fan in pre-koloniaal doarp oan 'e Lagune fan Malibu, yn wat no it Steatspark Malibu Lagoon is.

Geografy

Malibu leit yn Súdlik Kalifornje, yn 'e westlike útrinner fan Los Angeles County, op likernôch 48 km ôfstân fan 'e binnenstêd fan Los Angeles. It hat in langrutsen foarm dy't tinken docht oan in lintdoarp, en strekt him oer in lingte fan 34 km út, ynklamme tusken de kust fan 'e Stille Oseaan yn it suden en it Santa Monica-berchtme yn it noarden.

De Malibu Creek, dy't út 'e bergen wei súdoan streamt, komt by de kust út yn 'e Lagune fan Malibu. De measte huzen yn Malibu steane op minder as hûndert meter ôfstân fan it strân, hoewol't guon ynwenners dêr mear as oardel kilometer fanôf wenje, yn smelle kleauwen dy't yn noardlike rjochting yn 'e bergen opsnije. De Pacific Coast Highway (California State Route 1) rint yn east-westrjochting troch Malibu hinne.

De Lagune fan Malibu.

De Stille Oseaan by de kust fan Malibu is by útstek gaadlik om te surfen. Under surfers stiet de stêd bekend as "the ’Bu". Strannen by Malibu binne û.m. Surfrider Beach, Zuma Beach, Malibu Beach, Topanga Beach, Point Dume Beach en County Line Beach. Beskerme gebieten yn 'e neite fan Malibu binne: it Steatspark Malibu Lagoon, it Steatspark Malibu Creek, it Leo Carillo Steatspark en -strân, it Steatspark Point Mugu en it Robert H. Meyer Memorial Steatsstrân. It Nasjonaal Rekreaasjegebiet De Santa Monicabergen leit fuort benoarden de stêd. Malibu grinzget yn it easten oan Topanga, yn it noarden oan Calabasas, en yn it westen oan Solromar, dat yn Ventura County leit.

Skiednis

It gebiet dêr't Malibu no leit, waard oarspronklik bewenne troch de Tsjûmasj-Yndianen. Dy hiene oan 'e Lagune fan Malibu it doarp Humaliwo, dat yn 'e prehistoarje in wichtich regionaal sintrum wie en it grutste plak besuden it Santa Monica-berchtme nei Muwu (no Point Mugu). In oar doarp, Ta’lopop, lei in pear kilometer noardliker, yn 'e Malibu Canyon. De earste Jeropeaan dy't Malibu oandie, wie de Spaanske ûntdekkingsreizger Juan Rodríguez Cabrillo, dy't yn 1542 foar anker gie yn 'e Lagune fan Malibu om wetter yn te nimmen by de mûning fan 'e Malibu Creek.

Under de Spaanske koloniale tiid bouden misjonarissen yn 'e krite fan Malibu misjeposten om 'e Tsjûmasj ta it roomsk-katolisisme te bekearen. Yn 1802 kaam it gebiet diel út meitsjen fan 'e Rancho Topanga Malibu Sequit, in ranch fan 53 km², dy't ek nei de ûnôfhinklikheid fan Meksiko yn 1821 en de oerdracht fan Kalifornje oan 'e Feriene Steaten yn 1848 yntakt bleau. Yn 1891 kaam de ranch yn 'e hannen fan Frederick Hastings Rindge, dy't tige warber wie op it mêd fan 'e beskerming fan syn eigendom. Nei syn dea hierde syn widdo Rhoda May Knight Rindge wapene bewekkers yn dy't alle ynkringers sûnder pardon fan 'e ranch ferdreaune. De Rindges fochten ek in slepende rjochtsaak mei de Southern Pacific Railroad út, dy't lân ûnteigenje woe om dwers troch de ranch in spoarline oan te lizzen. Om't it tsjin 'e wet wie om lân te ûnteigenjen foar in spoar dat parallel rûn mei in besteand spoar, leine de Rindges sels in spoarline oer harren gerjochtichheid oan, de 24 km lange Hueneme, Malibu and Port Los Angeles Railway.

Yn 1926 rjochte frou Rindge in lyts keramykfabryk op yn in besykjen om it ferkeapjen fan har lân foar te kommen. Op it hichtepunt wiene dêr mear as hûndert man oan it wurk. Der waarden dekorative tegels makke dy't brûkt waarden yn in protte rikeljushuzen yn Los Angeles en Beverly Hills, en dy't tsjintwurdich tige sochte samlersitems wurden binne. Yn 1931 waard it fabryk sa goed as ferwoastge by in brân, en hoewol't it yn 1932 wer opboud waard, koe it de holle net boppe wetter hâlde yn 'e Grutte Depresje fan 'e 1930-er jierren. In goed foarbyld fan it gebrûk fan 'e tegels is it Adamson House, in filla fan fyftich keamers dy't yn 'e 1920-er jierren boud waard oan 'e kust fan 'e Lagune fan Malibu as nije residinsje foar de famylje Rindge, mar dy't troch finansjele swierrichheden net ôfkaam. Yn 1942 waard it gebou ferkocht oan 'e Fransiskaanske Oarder, dy't it ôfbouwe liet en der in retrêtelokaasje fan makke. It waard yn 1970 troch brân ferwoastge, mar weropboud en foar in grut part foarsjoen fan 'e orizjinele, út 'e ruïne rêden tegels. Tsjintwurdich is it in monumint dat opnommen is yn it Nasjonaal Register fan Histoaryske Plakken.

It Adamson House, dat yn 1920-er jierren boud waard as residinsje foar de famylje Rindge.

Der rûnen frijwol gjin wegen troch de ranch oant de steat Kalifornje yn 1929 in oare rjochtsaak tsjin frou Rindge wûn en dêrtroch tastimming krige om 'e Pacific Coast Highway oan te lizzen. Tsjin dy tiid wie frou Rindge út jildneed twongen om har grûn te ferdielen yn perselen dy't ferkocht wurde koene. Sa ûntstie it plak Malibu Colony, wêrfan't de earste huzen boud waarden yn 1926. Hjoed de dei is it it âldste diel en ien fan 'e bekendste wiken fan Malibu. Trochdat May Rindge Malibu sa lang beskerme hie tsjin kolonisaasje, koe der him yn it ûnoantaaste gebiet in mienskip fan 'e alderyksten ûntjaan, dy't benammen ôfkomstich wiene út 'e filmyndustry fan Hollywood. Pas yn 'e 1950-er jierren kamen de earste bedriuwen yn Malibu. It Hughes Research Laboratory (no HRL Laboratories LLC) waard der yn 1960 fêstige, dêr't datselde jiers noch it earste wurkjende model fan in laser test waard.

Fierdere ûntwikkeling fan it gebiet lei op 'e loer, en de (rike) ynwenners moasten har op dat mêd ferskate plannen fan it bestjoer fan Los Angeles County fan it liif slaan, wêrûnder de oanlis fan in autosnelwei op in brêge dwers troch de Lagune fan Malibu en de bou fan in kearnsintrale. Dêrtroch ûntstie yn 'e 1980-er jierren ûnder de ynwenners in beweging dy't stribbe nei stedsrjochten foar Malibu, mei't stêden yn Kalifornje net op deselde wize ûnderhearrich binne oan it countybestjoer as plakken mei in legere foarm fan pleatslik bestjoer, lykas towns en doarpen. Yn 1991 waard Malibu sadwaande ynkorporearre as stêd.

De Corralbrân, in natoerbrân dy't Malibu trof op 24 novimber 2007.
De reekplom fan 'e Woolseybrân, in natoerbrân dy't Malibu yn novimber 2018 trof, driuwt oer de stêd nei de Stille Oseaan ta.

Malibu hat troch de jierren hinne te lijen hân ûnder in grut tal natoerbrannen. Sa waarden op 26 oktober 1929, trije jier nei de stifting fan Malibu Colony, trettjin wenten ferwoastge troch sa'n brân. Oare grutte natoerbrannen dy Malibu bedrigen, foelen foar op:

Bestjoer

Malibu is in gemeente dy't bestjoerd wurdt troch in fiifkoppige gemeenteried. Fan 'e gemeenteriedsleden wurde elts jier mei in even jiertal twa of trije keazen foar in termyn fan fjouwer jier. Yn april kieze de leden fan 'e gemeenteried út it eigen fermidden in boargemaster en in loko-boargemaster dy't in jier lang yn dy funksje tsjinje. De gemeenteried hat de wetjaande macht yn 'e hannen, wylst foar de útfierende macht in stedsmanager oansteld wurdt.

Ekonomy

De ekonomy fan Malibu driuwt yn hege mjitte op ynkomsten út it toerisme. Benammen op surfers, mar ek op swimmers en sinnebaaiers, oefenje de strannen fan Malibu in sterke oantrekkingskrêft út. De surfers hawwe har yn Malibu feriene yn 'e Surfrider Foundation, dy't yn 1984 oprjochte waard, en dy't krewearret foar it behâld fan 'e strannen en de see by Malibu yn harren oarspronklike steat. De grutste wurkjouwer yn Malibu is HRL Laboratories, de ûndersyksôfdieling fan 'e eardere Hughes Aircraft Company, dy't yn 1960 yn Malibu fêstige waard. Yn 2001 waard yn Malibu de earste ôfkickklinyk foar drugsferslaafden oprjochte, mei as namme Passages Malibu. Yn 2013 wiene der 35 ôfkickkliniken foar drugs- en drankferslaafden yn Malibu. Fierders wurdt Malibu gauris brûkt as lokaasje foar it opnimmen fan films en tillefyzjesearjes. Searjes dy't yn Malibu spylje, wurde lykwols gauris earne oars opnommen, sa't it gefal wie mei Baywatch en mei Two and a Half Men.

It wrak fan in legerambulânse op it plak dêr't yn 'e 1970-er jierren opnamen makke waarden foar de tillefyzjesearje M*A*S*H.

Foarsjennings

Malibu beskikt oer in eigen postkantoar en oer in yn 1970 iepene bibleteek, dy't in filiaal is fan 'e County of Los Angeles Public Library. Der binne trije iepenbiere basisskoallen: de John L. Webster Elementary School, de Juan Cabrillo Elementary School en de Point Dume Elementary School, dy't allegear ta it Santa Monica-Malibu Unified School District hearre. Dêrnjonken binne der ek in roomske basisskoalle, de Our Lady of Malibu Elementary School, en in oare bysûndere basisskoalle: de Calmont Elementary School.

De iepenbiere Malibu High School, de roomske St. Aidan's School en de bysûndere Colin McEwen High School fersoargje middelber ûnderwiis. De Pepperdine Universiteit is in bysûndere ynstelling foar heger ûnderwiis dy't bannen ûnderhâldt mei de Tsjerke fan Kristus. De universiteit fêstige syn kampus yn 1972 fuort benoarden Malibu. Doe't yn 1991 de grinzen fan 'e gemeente Malibu fêststeld waarden, is de Pepperdine Universiteit op eigen fersyk dêrbûten kommen te lizzen.

De Pacific Coast Highway yn Malibu.

De wet wurdt yn Malibu hanthavene troch it Los Angeles County Sheriff's Department (LASD), dat in plysjeburo hat yn it oangrinzgjende Calabasas, benoarden Malibu. Foar de brânwacht is Malibu oanwiisd op it Los Angeles County Fire Department (LACFD), en foar de ambulânsetsjinst op it Los Angeles County Department of Health Services. De tichtstbye klinyk is it Simms/Mann Health and Wellness Center yn Santa Monica.

Malibu hat trije pleatslike kranten, wêrfan't The Malibu Times, oprjochte yn 1946, de âldste en wichtichste is. Dêrnjonken besteane de Malibu Surfside News, dy't benammen op 'e surfmienskip rjochte is, en it studinteblêd fan 'e Pepperdine Universiteit, de Graphic. Tydskriften dy't yn Malibu útjûn wurde, binne it Malibu Arts Journal, it Malibu Magazine en it Malibu Times Magazine.

Eveneminten

Yn Malibu wurdt elts lêste wykein yn july troch de pleatslike Keamer fan Keaphannel it Malibu Arts Festival holden, dat rjochte is op 'e skiene keunsten. It Ynternasjonaal Filmfestival fan Malibu is nettsjinsteande de namme in lyts, mar jierliks holden filmfestival, dêr't films út 'e hiele wrâld fertoand wurde. De Malibu Nautica Triatlon wurdt elts jier yn septimber holden om jild yn te sammeljen foar goede doelen.

In boerd dat it begjin fan 'e kust fan Malibu oanjout.
De Malibupier by Surfrider Beach.

Susterstêden

Malibu hat ien susterstêd:

Demografy

Neffens in offisjele skatting troch it Amerikaanske Folkstellingsburo op grûn fan gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 hie Malibu yn 2018 in befolking fan 12.777 minsken. Dat is in oanwaaks fan 1,0% yn ferhâlding mei de 12.645 ynwenners út 2010. De befolkingstichtens yn Malibu bedroech dêrmei yn 2018 249,1 minsken de km².

Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 wie doe fan 'e befolking fan Malibu 18,4% âlder as 65 jier en 18,7% jonger as 18 jier. Fan 'e húshâldings yn 'e stêd wie 48,8% opmakke út troude pearen fan man en frou, 5,1% út gearwenjende pearen fan man en frou en 0,9% út troude of gearwenjende homoseksuële of lesbyske pearen. Fierders omfette 26,2% fan 'e húshâldings bern ûnder de achttjin jier, wylst 28,4% fan 'e húshâldings bestie út ien persoan. Fan 'e befolking fan Malibu libbe 10,6% ûnder de earmoedegrins.

Wat de etnyske opbou fan 'e befolking oangiet, dy wie yn 2010 sa: 87,4% blanken; 6,1% Latino's; 2,6% Aziaten; 1,2% swarten; 0,2% Yndianen; 0,1% Polyneziërs, Melaneziërs en Mikroneziërs; 2,4% oaren of fan mingd etnysk komôf.

Berne yn Malibu

Stoarn yn Malibu

Klimaat

Malibu hat in Mediterraan klimaat, mei oangenaam waarme simmers en tige mylde winters. Yn augustus, de waarmste moanne, is de trochsneed temperatuer oerdeis 21,8 °C, en yn jannewaris, de kâldste moanne, is dat 17,5 °C. By fleagen kin de temperatuer simmerdeis lykwols oprinne oant 40 °C (de heechste temperatuer ea metten yn Malibu), wylst it winterdeis nachts ôfkuolje kin oant 1 °C. Malibu kriget jiers trochinoar 324,9 mm delslach, wat betsjut dat it eins suver in woastyn is, sa drûch is it der. Snie is yn Malibu tige seldsum, mar op 'e toppen fan 'e nei-oan leine Santa Monica-bergen komt sniefal wolris yn oansjenlik hoemannichten foar, lykas op 17 jannewaris 2007.

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further Reading, op dizze side.