Springe nei ynhâld

Sulky (hynstesport)

Ut Wikipedy
De ferzje fan 29 des 2021 om 22.47 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (kt)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Twa sulky's by in treningsrit

In sulky is in lichte twatsjillige karre dy't yn de draafsport brûkt wurdt. It hynder, meastal in spesjaal foar dat doel fokte draver, wurdt foar de sulky spand.

Tusken beide tsjilen sit in plato mei in sitting dêr't de pikeur op sit. It hynder rint tusken lamoenen, is mei stringen oan de sulky bûn en wurdt mei leien bestjoerd.