Springe nei ynhâld

Tarja Turunen

Ut Wikipedy
De ferzje fan 11 aug 2022 om 20.44 troch FreyaSport (oerlis | bydragen) (Albums: +single)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Tarja Turunen
sjonger en/of muzikant
Tarja Turunen (2022)
Tarja Turunen (2022)
persoanlike bysûnderheden
echte namme Tarja Soile Susanna Turunen Cabuli
nasjonaliteit Finsk
berne 17 augustus 1977
berteplak Kitee
wurkpaad
sjenre Metal,
Klasyk
sjongtaal Ingelsk,
Finsk
ynstrumint Piano
grutste hit(s) Bless The Child,
Nemo,
Ghost Love Score,
O Tannenbaum
jierren aktyf 1996 - no

Tarja Soile Susanna Turunen Cabuli (Kitee, 17 augustus 1977) is in Finsk sjongeres. Sy is benammen bekend as de eardere sjongeres fan Nightwish.

Turunen begûn as jong famke mei sjongen by in tsjerkekoar en op har sechsde mei pianospyljen. Nei it beheljen fan har diploma oan in muzyk-relatearre middelbere skoalle yn Savonlinna, begûn se yn 'e âldens fan 18 jier oan in stúdzje klassike sang oan de Sibelius-Akademy yn Kuopio en letter oan de Hochschule für Musik Karlsruhe yn Dútslân. Yn 1996 waard Tarja troch Tuomas Holopainen frege om sjongeres te wurden fan syn band yn oprjochting Nightwish. Mei Nightwish brocht Turunen fiif studio-albums út, foar't se yn 2005 nei in optreden yn de Hartwall Arena yn Helsinki, mei in iepen brief ûntslein waard.[1] De minder wurden relaasje tusken de manlike bandleden en Turunen har Argentynske man en manager Marcelo Cabuli, soe hjir de oarsaak fan wêze. Nei har ûntslach by Nightwish rjochte Tarja har op in solokarriêre.

Tarja Turunen waard berne yn Kitee, Noard-Karelje, Finlân, as twadde yn in gesin fan trije, har heit wie timmerman en har mem wurke by it stedsbestjoer. Yn 2002 boaske Turunen mei de Argentynske sakeman Marcelo Cabuli, en hat ien dochter.

Album Utbrocht op Label Single(s)
Angels Fall First 1 novimber 1997 Nightwish The Carpenter
Oceanborn 7 desimber 1998 Sacrament of Wilderness,
Walking in the Air,
Sleeping Sun
Wishmaster 19 maaie 2000 The Kinslayer,
Deep Silent Complete
Century Child 24 maaie 2002 Ever Dream,
Bless the Child
Once 7 juny 2004 Nemo,
Wish I Had an Angel,
Kuolema Tekee Taiteilijan,
The Siren
Henkäys ikuisuudesta 8 novimber 2006 Tarja You Would Have Loved This
My Winter Storm 19 novimber 2007 I Walk Alone,
Die Alive,
Enough
What Lies Beneath 31 augustus 2010 Falling Awake,
I Feel Immortal,
Until My Last Breath,
Underneath
Colours in the Dark 30 augustus 2013 Victim of Ritual,
500 Letters
Ave Maria - en Plein Air 11 septimber 2015
The Brightest Void 3 juny 2016 An Empty Dream
The Shadow Self 5 augustus 2016 Innocence,
No Bitter End,
Demons in You
From Spirits and Ghosts
(Score for a Dark Christmas)
17 novimber 2017 O Come, O Come, Emmanuel (kristlike hymne fan John Mason Neale),
O Tannenbaum (Dútsk krystferske),
Feliz Navidad (José Feliciano cover)
In the Raw 30 augustus 2019 Railroads,
Tears in Rain ,
You and I

As gastmuzikant

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Single(s) Album Utbrocht yn Mei band
Until Dawn (Angels of Light),
Wizard,
Sadness in the Night,
The Laws of the Future,
Promises Under the Rain
Beto Vazquez Infinity 2001 Beto Vazquez Infinity
Walking with the Angels Fear No Evil 2009 Doro
The Good Die Young Sting in the Tail 2010 Scorpions
Paradise (What About Us?) Hydra 2014 Within Temptation
Castillos de papel Aún sigo latiendo 2015 Lörihen

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: