Springe nei ynhâld

Graham Norton

Ut Wikipedy
Graham Norton yn 2004

Graham William Walker (Dublin, 4 april 1963)[1], bekend ûnder syn artystenamme Graham Norton, is in Ierske akteur, komyk en telefyzjepresintator.

Hy waard bekend as programmamakker op it Britske Channel 4 en troch syn rol as preester Noel Furlong yn de Ierske telefyzjesearje Father Ted. Hoewol't er mar yn trije ôfleverings te sjen wie, wie er tige populêr by de sjoggers. Nei Channel 4 hat Norton in soad wurk ferset foar de BBC, mei programma's op BBC 1, BBC 2 en BBC Radio 2. By it grutte publyk is er bekend as presintator fan de Graham Norton Show. Norton is ek mei-eigner fan SO Television, de produksjemaatskippij fan syn telefyzjeprogramma's.

Norton mei hûn yn 2006.

Norton makket gjin geheim fan syn homoseksualiteit.[2]

Norton hat te lijen fan vitiligo, in hûdsykte.[3]

Yn 1988 waard er oanfallen, yn it boarst stutsen en foar dea op strjitte efterlitten.[4]

Norton feroarsake striderij op 7 oktober 2006, doe't er ekstasy as "fantastic" oanpriizge.[5]

  • 1999: Gaytime awards - Gay Entertainer of the Year
  • 2000: BAFTA - Bêste optreden foar So Graham Norton
  • 2001: RTS Television Award - Bêste presintator foar So Graham Norton
  • 2001: TRIC Award - TV Persoanlikheid fan it jier
  • 2001: BAFTA - Bêste optreden foar So Graham Norton
  • 2002: BAFTA - Bêste optreden foar So Graham Norton
1996-1998 Father Ted Pater Noel Furlong Telefyzjerige foar Channel 4
1998-2002 So Graham Norton Presintator
2002-2003 V Graham Norton Presintator
1999 Stargay Graham Solex Film
2001 The Kumars at No. 42 Himsels Telefyzjerige foar BBC
2001 Rex the Runt: Patio Stim fan Osvalde Halitosis Telefyzjerige foar BBC
2001 Rex the Runt: A Crap Day Out Stim fan de planten Telefyzjerige foar BBC
2002 Absolutely Fabulous: Gay Himsels Telefyzjerige foar BBC
2004 NY Graham Norton Presintator
2004-2005 The Graham Norton Effect Presintator
2005- Graham Norton's Bigger Picture Presintator
2005-2007 Strictly Dance Fever Presintator
2006 How Do You Solve A Problem Like Maria? Presintator
2006 My Lovely Audience Presintator
2006 Another Gay Movie Mr. Puckov Film
2006- The Big Finish Presintator
2007 Robbie the Reindeer in Close Encounters of the Herd Kind Kompjûterstim Telefyzjerige foar BBC
2007 Kathy Griffin: My Life on the D-List Himsels Telefyzjerige foar Picture This! Entertainment
2007 Who Do You Think You Are? Himsels Telefyzjerige foar BBC
2007 When Will I Be Famous? Presintator
2007 British Academy Television Awards Presintator
2007 Any Dream Will Do Presintator
2007 Live Earth-konsert yn Londen Presintator
2007 Eurofyzjedûnsfestival 2007 Presintator
2007- The Graham Norton Show Presintator
2008 The One and Only Presintator
2008 I'd Do Anything Presintator
2008 Eurofyzjedûnsfestival 2008 Presintator

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Graham Norton, So Me. Hodder & Stoughton. ISBN 0-340-83348-3
  2. AS media studies: the essential introduction Troch Philip Rayner, Peter Wall, Stephen Kruger. Psychology Press.
  3. Lynn Barber interviews Graham Norton, Guardian 2001-10-28
  4. I was stabbed then left to die by muggers; Graham ferhellet oer terror on street troch Neil Leslie, 1999-05-19
  5. Graham Norton: 'BBC defends Norton drug comments' 2007-11-29; bbc.co.uk, 7 oktober 2006