Koblenz
Koblenz | ||
De mûning fan de Mûzel yn Ryn by Deutsches Eck | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Dútslân | |
dielsteat | Rynlân-Palts | |
Stedsyndieling | 30 stedsdielen, 8 Ortsbezirke | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 115.268 (gemeente) (2022) [1] | |
Oerflak | 105,25 km² | |
Befolkingsticht. | 1.095 ynw./km² | |
Hichte | 73 m. | |
Oar | ||
Postkoade | 56068-56077 | |
Koördinaten | 50° 21' N 7° 35' E | |
Offisjele webside | ||
Side Koblenz | ||
Kaart | ||
Koblenz is in stêd yn 'e Dútske dielsteat Rynlân-Palts. De stêd is nei Mainz en Ludwigshafen de tredgrutste stêd fan 'e dielsteat Rynlân-Palts. Koblenz is sûnt it jier 1962 in Dútske Großstadt.
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Koblenz leit oan it plak dêr't de Mûzel yn 'e Ryn mûnet. Likernôch 60 kilometer fierder de stream ôf leit Bonn en 90 kilometer de stream op de stêden Wiesbaden en Mainz. Oan 'e súdlike kant grinzget de stêd oan 'e útrinners fan 'e Hunsrück en yn it west it heuveleftige lânskip fan it Maifeld. De stedsdielen oan 'e rjochter kant fan 'e Ryn lizze yn 'e útrinners fan it Westerwald.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Romeinen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Koblenz fierde yn 1992 it 2000-jierrich bestean en heart ta de âldste stêden fan Dútslân. De oarspronklik latynske namme Confluentes ferwiist nei de lokaasje fan 'e stêd. dêr't de Mûzel yn 'e Ryn mûnet op it plak dat Deutsches Eck neamd wurdt. Al yn 'e Stientiid waard it gebiet fan 'e stêd bewenne. De Romeinen bouden in fersterke delsetting en yn 'e tsjintwurdige binnenstêd fan Koblenz ûnstie it Kastiel Confluentes, dat de Romeinske wei lâns de Ryn (Mainz–Keulen–Xanten) beskermje moast. Mei de bou fan it romeinske kastiel Niederberg waarden de Limes en de earste brêgen oer de Ryn en Mûzel befêstige.
Midsiuwsk Koblenz
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei't de Romeinen harren yn 'e 5e iuw weromlutsen, oermasteren de Franken de stêd. Der ûnstie in keningshôf en yn de yn 836 wijde Kastortsjerke fûnen ûnderhannelings plak tusken de trije pakesizzers fan Karel de Grutte, dy't mei it Ferdrach fan Verdun fan 843 lieden ta de opdieling fan it Frankyske Ryk.
Yn 'e tiid dêrnei bloeide Koblenz ûnder aartsbiskoppen en karfoarsten. Der waarden in soad kulturele monuminten boud lykas tsjerken en kastielen. Ut de op 'e Ehrenbreitstein om 1020 hinne boude boarch ûnstie stadichoan de fêsting Ehrenbreitstein. Yn 'e 12e iuw bouden de aartsbiskoppen fan Trier de Florinus- en Us-Leaffrouwetsjerke. Yn 'e 13e iuw waard súdlik fan de stêd it kastiel Stolzenfels boud.
Om de kontrôle op de nei ûnôfhinklikens stribjende stêd te hâlden bouden de Trierske aartsbiskoppen de Alde Boarch (Alte Burg). In iuw letter waard mei de bou fan 'e Balduinbrêge foar it earst sûnt de Romeinen wêr in fêste brêge oer de Mûzel oanlein.
Karfoarst Philipp Christoph fan Sötern ferhûze yn 'e Tritichjierrige Kriich syn sit fan Trier nei it nije Slot Philippsburg oan 'e foet fan 'e fêsting Ehrenbreitstein.
18e - 19e iuw
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1786 ferhûze karfoarst Clemens Wenzeslaus fan Saksen nei it karfoarstlike Slot yn Koblenz. Dêr hearske er oer it karfoarstendom oant de besetting fan 'e stêd troch de Frânske Revolúsjetroepen. Fan 1789 oant 1794 (en dêrnei op de Fêsting Ehrenbreitstein oant 1799) hiene anty-revolúsjonêren út de rûnte fan 'e bruorren fan Loadewyk XVI harren nei Koblenz werom lutsen. De anty-revolúsjonêren bestjoerden mei tank oan harren omke Wenzeslaus Koblenz as "Lyts-Parys" relatyf selstannich, oant it dêrnei de stêd troch Severin Marceau oermastere waard.
De Russen makken in ein oan 'e Frânske besetting en it Weenske Kongres wiisde yn 1814-1815 al it besit fan it karfoarstendom Trier oan Prusen ta. Under Prusysk bewâld waard Koblenz útboud ta ien fan de sterkste fêstings fan Europa. Ek it Slot Stolzenfels waard yn 'e 19e iuw werboud en der waard in brêge oer de Ryn oanlein. Yn 1858 krige de stêd mei de nije spoarbrêge oer de Mûzel oansluting op it spoar. Yn 'e rin fan 'e 19e iuw soe de fêsting Koblenz troch feroarjende kriichtechniken oan belang ôfnimme en sûnt 1890 waard der begûn oan it sljochtsjen fan 'e fêstingwurken om 'e stêd hinne. Foar it earst koe der no bûten de âlde troch de fêstingswurken beheinde stedsgrinzen boud wurde.
Yn 1897 waard oan de mûning fan de Mûzel ta neitins oan keizer Wilhelm I, dy't mei syn frou Augusta foar it bestiigjen fan de troan foar in skoft yn Koblenz wenne hie, yn oanwêzigens fan keizer Wilhelm II it Kaiser-Wilhelm-Denkmal ûntbleate.
20e-21e iuw
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 'e 20e iuw groeide de stêd mei de oanlis fan nije wiken. Op it plak fan in eardere stedspoarte waard yn 1903 de monumintale Hillich Herttsjerke ynwijd. In jier earder waard súd fan 'e binnenstêd it nije stasjon oplevere. Nei de Earste Wrâldkriich waard de stêd earst troch Amerikaanske en dêrnei troch Frânske troepen beset.
Yn 1932 waard de Pfaffendorfer brêge ferfongen troch in nije brêge. Twa jier letter folge de iepening fan in nije brêge oer de Mûzel, om't de âlde Balduinbrêge it tanimmende ferkear net mear oan koe.
De bombardeminten op de stêd yn 'e Twadde Wrâldkriich yn 1944 troch de Royal Air Force leine Koblenz foar 87% yn pún. Op 18 en 19 maart 1945 oermasteren Amerikaanske troepen Koblenz. Koblenz kaam yn de Frânske besettingssône te lizzen. De stêd waard nei de kriich stadichoan wer opboud, mar in soad fan 'e histoaryske gebouwen wiene foar ivich ferlern gien.
Op de Rittersturz-Konferinsje fan 1948 waard de basis lein foar de gearfoeging fan 'e trije westlike besettingssônes en de stifting fan de Bûnsrepublyk Dútslân. Yn it ramt fan 'e herbewapening fan West-Dútslân wie Koblenz sûnt it midden fan 'e jierren 1950 wer in garnizoensstêd. Yn it jier 1962 krige de stêd mear as 100.000 ynwenners en dêrmei waard Koblenz in Großstadt. De lêste manskippen fan it Frânske garnizoen ferlieten Koblenz yn 1969.
In grut projekt foar de bou fan de súdlike brêge oer de Ryn waard yn 1975 ôfsletten. By de bou fan de brêge fûnen twa tragyske ûngemakken plak. Yn 1971 stoartte in diel fan de brêge yn werby't 13 wurknimmers ferstoaren en likefolle slim ferwûne rekke. Op 21 septimber 1972 stoartte in oerspanning fan de brêge oer de Laubach yn, wêrby't seis wurknimmers it libben lieten.
Op 4 desimber 2011 moasten likernôch 45.000 Koblenzers út harren wentes evakuëarre wurde nei't by leechwetter yn 'e Ryn twa bommen út de Twadde Wrâldkriich ûntdutsen waarden. In 1,8 ton swiere Ingelske megabom waard demontearre en in lytsere Amerikaanske bom waard op it plak sels ta ûntploffing brocht. Njonken hûzen moasten ek twa sikehûzen, sân fersoargingshûzen en in finzenis ûntromme wurde. It wie de grutste logistike organisaasje yn it lân sûnt de Twadde Wrâldkriich.[2]
UNESCO
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Dielen fan 'e stêd hearre ta it UNESCO-wrâlderfgoed. Sûnt 2002 is de stêd mei syn kultuermonuminten de noardlike poarte fan it kultuerlânskip Boppe-Middenryndelte. De lokaasje fan it eardere Kastiel Niederberg op 'e rjochter kant fan 'e Ryn stiet sûnt 2005 op de UNESCO-list as ûnderdiel fan 'e Boppegermaansk-Raetyske Limes.
It besjen wurdich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Deutsches Eck
- Binnenstêd
- Sint-Kastorbasilyk
- De fêsting Ehrenbreitstein
- It karfoarstlik paleis
- Jezuïetenplatz
- Us-Leaffrouwetsjerke
- Slot Stolzenfels
- Florinustsjerke
Musea
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Mittelrheinmuseum (regionale keunst)
- Ludwig Museum yn it Deutschherrenhaus (museum foar moderne keunst)
- DB Museum Koblenz-Lützel (treinmuseum)
- VFF Wehrtechnische Studiensammlung Koblenz (militêr museum)
- Mosellum (natoerhistoarysk museum mei de klam op it miljeu yn de Mûzel)
- Mutter Beethoven Haus (museum oer Ludwig Beethoven yn it bertehûs fan de mem fan de komponist)
- Landesmuseum
- Rhein-Museum (museum oer it libben op en oan de Ryn)
Berne yn Koblenz
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Henriette Sontag (1806-1854), operasjongster
- Friedrich Wilhelm Voigt (1833-1894), komponist, muzykpedagooch en dirigint
- Anton Diffring (1918-1989), akteur
- Michel Auclair (1922-1988), Frânsk akteur
- Valéry Giscard d'Estaing (1926), presidint fan Frankryk (1974-1981)
Ofbylden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Stolzenfels
-
Karfoarstlik Slot
-
Deutschherrenhaus
-
Balduinbrêge
-
Sint-Joazeftsjerke
-
Ehrenbreitstein
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch op dizze side.
|
Rynlân-Palts | ||
---|---|---|
Regierungsbezirke | ||
Landkreise Ahrweiler - Altenkirchen - Alzey-Worms - Bad Dürkheim - Bad Kreuznach - Bernkastel-Wittlich - Birkenfeld - Cochem-Zell - Donnersbergkreis - Eifelkreis Bitburg-Prüm - Germersheim - Kaiserslautern - Kusel - Mainz-Bingen - Mayen-Koblenz - Neuwied - Rhein-Hunsrück-Kreis - Rhein-Lahn-Kreis - Rhein-Pfalz-Kreis - Südliche Weinstraße - Südwestpfalz - Trier-Saarburg - Vulkaneifel - Westerwaldkreis | ||
Kreisfreie Städte Frankenthal - Kaiserslautern - Koblenz - Landau - Ludwigshafen - Mainz - Neustadt (Weinstraße) - Pirmasens - Spiers - Trier - Worms - Zweibrücken | ||
· · |