Loadewyk II fan Beieren
Loadewyk Frederik Willem (Dútsk: Ludwig Friedrich Wilhelm) (25 augustus 1845 – 13 juny 1886), út it Hûs Wittelsbach (bynamme: de Mearkekening), wie fan 1864 oant 1886 kening fan Beieren.
Hy is berne yn Nymphenburg by München as soan fan kening Maksimiliaan II en prinses Marie fan Prusen.
Loadewyk waard al as 18-jierrige kening, doe't Maksimiliaan II yn 1864 ferstoar. De nije kening hie altiten al wat minskeskou en ûnlykwichtich west, mar meidat hy langer oan de macht wie, luts Loadewyk him hieltiten mear werom yn de Alpen, dêr't hy in tal hiel djoere mearkekastielen bouwe liet. It meast ferneamde kastiel, Neue Burg Hohenschwangau (better bekend as Neuschwanstein), waard pas nei syn dea foltôge en is no in tige populêre toeristyske attraksje.
Loadewyk wie fersein oan syn nicht Sofy, de suster fan keizerinne Elisabet fan Eastenryk ("Sisi"), mar neidat er de troudei al in pear kear útsteld hie, blies hy it houlik yn oktober 1867 úteinlik ôf. Reden dêrfoar wie syn homoseksuele aard.
Loadewyk ferdronk yn 1886 ûnder nuvere omstannichheden yn de Starnberger See, ek al wie er in goed swimmer. By dy mar, súdlik fan München, waard nei syn ferstjerren in lytse kapel boud. Alle jierren wurdt dêr op syn stjerdei in seremoanje hâlden ta syn neitins.
Syn bekendste kastielen:
- Herrenchiemsee
- Slot Linderhof
- Slot Neuschwanstein neist it kastiel fan syn heit Hohenschwangau.
- Königshaus am Schachen