Lower Avon
Appearance
De Lower Avon is in rivier fan 120 km lingte yn it súdwesten fan Ingelân. It streamgebiet omslach 2308 km². De rivier ûnstiet ûnder Chipping Sodbury yn Gloucestershire en streamt dêrnei troch Wiltshire, rint troch de stêden Bath en Bristol, dêr't de rivier útmûnet yn it estuarium fan de Severn (Kanaal fan Bristol).
De Lower Avon is befarber oant de Pulteney Bridge yn Bath. Mids Bristol is de Avon omlaat fia de New Cut, dy't tusken 1804 en 1809 oanlein waard. De âlde rivierearm is dêr mei sluzen ôfsletten en foarmet de Floating Harbour ('driuwende haven'), de haven fan Bristol.
It wurd Avon is fan Keltysk komôf en betsjut rivier.