Regensburg
Regensburg | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Dútslân | |
dielsteat | Beieren | |
Stedsyndieling | 18 Stadtbezirke | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 159.465 (31.12.2023) | |
Oerflak | 80,86 km² | |
Befolkingsticht. | 1.972 ynw./km² | |
Hichte | 337 m boppe seenivo | |
Oar | ||
Postkoade | 93047–93059 | |
Tiidsône | UTC+1 | |
Simmertiid | UTC+2 | |
Koördinaten | 49° 0' N 12° 6' E | |
Offisjele webside | ||
www.regensburg.de | ||
Kaart | ||
Regensburg (Beiersk: Rèngschburg) is in stêd yn 'e Dútske dielsteat Beieren. Regensburg is sûnt it jier 1940 in Dútske Großstadt, dat wol sizze in stêd mei teminsten 100.000 ynwenners.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Iere skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn it jier 179 bouden de Romeinen nei it ferjijen fan 'e Markomannen ûnder it regear fan keizer Markus Aurelius it fort Castra Regina ("fort by de rivier Regen"), in wichtich kamp op it meast noardelike punt fan 'e Donau. Castra Regina bestie út it ommuorre kamp fan it legioen, in delsetting foar boargers, in grut begraaflak en ferskillende timpels en hillichdommen. De stiennen muorren hiene in hichte fan likernôch 10 meter, fjouwer poarten en in grut tal tuorren en tuorkes en is hjoeddedei noch altiten yn 'e plattegrûn fan 'e histoaryske stêd werom te kennen. Fan 'e Romeinske poarten en muorren binne op ferskate plakken noch resten te finen yn en by de besteande bebouwing.
Midsiuwen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Sûnt de 6e iuw hearsken de Agilolingen oer Regensburg. Fan likernôch 530 oant de earste helte fan 'e 13e iuw wie Regensburg de haadstêd fan Beieren. Regensburg is ien fan 'e âldste bisdommen fan Dútslân, dat al ferskillende desinnia bestie doe't Bonifatius it yn 739 oan it Kanonyk Rjocht en dêrmei oan 'e Biskop fan Rome ûndergeskikt makke.
Nei't fjirtjin Boheemske prinsen harren yn Regensburg dope litte hiene, waard de stêd de basis foar it kerstenjen fan 'e Tsjechen; it bisdom Regensburg wie it memmebisdom fan dat fan Praach. Sa waarden de Tsjechen oars as oare Slavyske folken net otterdoks, mar roomsk-katolyk. Yn it jier 800 hie Regensburg al 23.000 ynwenners, yn it jier 1050 wie dat ynwennertal al tanommen oant 40.000. Yn dy tiid wie de stêd grutter as Rome en Keulen en der waard hannel dreaun mei stêden lykas Feneesje, Kiëv en Parys. Ek wie neffens in gesant fan 'e kalyf fan Córdoba Ibrahim ibn Yaqub de stêd in sintrum fan midsiuwske slavehannel. De hannel bestie út it eksportearjen fan kriichsfinzene Balten en Slaven nei islamityske gebieten.
De romaanske en goatyske arsjitektuer fan 'e midsiuwen behearskje noch jimmeroan it oansjen fan 'e histoaryske binnenstêd. In teken fan 'e wolstân fan 'e stêd is de bou fan in stiennen brêge oer de Donau tusken 1135 en 1146. It midsiuwske bouwûnder droech noch mear by oan 'e wolstân fan 'e stêd en stie model foar de bou fan in soad oare brêgen.
Yn 1245 ferliende keizer Freark II Regensburg de status fan frije ryksstêd. De stêd hie njonken in tal privileezjes it rjocht op selsbestjoer en in eigen boargemaster en stedsried. Om 1273 hinne waard útein set mei de bou fan in nije domtsjerke. Tsjin 'e ein fan 'e 13e iuw begûn ek de bou fan in midsiuwske stedsmuorre mei sân poartetuorren, sadat de nije foarstêden yn it westen en easten en ferskate tsjerken en kleasters yn it stedsgebiet kamen te lizzen. De 14e iuw brocht Regensburg in ekonomyske delgong om't de hannelsrûtes ferlein waarden, wêrfan't stêden as Augsburg, Wenen en Neurenberch hieltiten mear profitearren. Foar de legere ynkomsten stiene hegere útjeften, want de earste tritich jier fan 'e 14e iuw stiene yn it ramt fan 'e bou fan 'e nije ferdigeningswurken. Ek de earste grutte pestweach, dy't fan 1347 oant 1353 fanút Aazje oer hiel Europa spielde, hie in skealike ynfloed op 'e ekonomyske ûntjouwing en in drastyske delgong fan it ynwennertal fan Regensburg. Ek yn 'e de 15e iuw bleau de stêd lêst hâlden fan ekonomyske delgong, itjinge ta it bankrot fan de stêd late.
Troch de Turkske ynfal en it oermasterjen fan grutte dielen fan súdeast-Europa kaam de stêd jimmeroan mear oan 'e râne fan Europa te lizzen. Foar de kosten fan 'e striid tsjin de Turken easke keizer Freark III op alle ryksdagen jild fan 'e ryksstannen. Fan Regensburg woe de keizer 6.000 gûne hawwe, mar it slagge de stêd, wêrfan't it ynwennertal yntusken oant 12.000 sakke wie, net om it jild op te bringen, fral ek om 't de keizer as beskermhear fan 'e joaden earder al yn 1476 de stêd feroardiele hie ta it beteljen fan in boete fan 8.000 gûne foar it jierrenlang finzen setten fan santjin ûnskuldige foaroansteande joaden. De stêd wie dêrom twongen nije belestings te heffen, itjinge ta opskuor ûnder de gilden late. Om de skuld oan 'e keizer dochs betelje te kinnen, ferkocht de rie de stêd yn 1486 oan 'e âlde boarchgreve Albrecht, sadat Regensburg ûnderdiel waard fan it hartochdom Regensburg. Keizer Freark en syn yn 1486 as kening kroande en meihearskjende soan, de lettere keizer Maksimiliaan I, wiene poer op 'e ûnderwerping fan Regensburg tsjin. Under mililtêre druk moast Albrecht IV belies jaan en waard yn 1492 de âlde sitewaasje hersteld.
Om't de ekonomyske sitewaasje dêrnei net ferbettere en der noch oanhingers fan 'e Beierske hartoch yn 'e stêd wiene, bleau der gestokel. In tiidrek fan sosjale ûnrêst ûnstie dy't wol tritich jier oanhold en lang om let, gebrûk meitsjend fan it machtsfakuüm dat nei de dea fan keizer Maksilmiliaan I yn 1519 ûnstie, útmûne yn 'e feroardening fan 'e stedsried dat de hiele joadske mienskip de stêd ferlitte moast.
Reformaasje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei it mislearre godstsjinstpetear tusken Philipp Melanchthon en de dominikaanske teolooch Jehannes Eck fan 1541, adoptearre de stêd in jier letter offisjeel de reformaasje troch de ynfiering fan 'e lutherske lear. Dochs bleau Regensburg de sit fan it bisdom en ferskate abdijen. Trije abdijen, Sint-Emmeranus, de Nieder- en de Obermüster wiene frije keizerlike abdijen yn it Hillige Roomske Ryk mei in sit en in stim yn 'e Ryksdei. Dat betsjutte de unike sitewaasje dat de stêd bestie út fiif ûnôfhinklike steaten: de protestantske stêd, it roomske bisdom en de trije abdijen.
Sûnt de ein fan 'e 16e iuw, mar fral yn 'e Tritichjierrige Kriich en de jierren nei de Frede fan Westfalen, foarme de stêd ien fan 'e wichtichste plakken dêr't de protestanten fan Eastenryk hinne flechten. Fan 'e likernôch 100.000 ballings bleaune guon yn Regensburg, mar oaren reizgen fierder nei Neurenberch, Swaben, Franken, Prusen en Nederlân. Fan 1663 oant de ûntbining fan it Hillige Roomske Ryk yn 1806 wie Regensburg de stêd, dêr't de Altitenduorjende Ryksdei gearkaam. Yn 'e grutte seal fan it Alde Riedshûs holden de keizer, de kar- en ryksfoarsten, prelaten en greven alle jierren sitting.
19e iuw
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Mei de yntegraasje fan Regensburg yn it foarstedom Regensburg ferlear de stêd de status fan keizerlike stêd. As kompinsaasje foar it ferlies fan 'e troch Frankryk anneksearre gebieten op 'e lofter kant fan 'e Ryn waard it oerdroegen oan de Mainzer karfoarst en aartskânsler fan it Hillige Roomske Ryk, Carl von Dalberg. Formeel ferhûze de sit fan it aartsbisdom fan Mainz nei Regensburg. Dalberg feriene de biskopssit, de abdijen en de stêd yn it foarstedom Regensburg. Hy soarge ek foar like rjochten foar protestanten en katoliken. Yn 1810 droech er Regensburg oer oan it keninkryk Beieren.
Tusken 19 april en 23 april 1809 wie Regensburg it toniel fan 'e Slach om Regensburg tusken troepen ûnder befel fan Henri Gatien Bertrand en Napoleon sels en de weromlûkende Eastenrykske troepen. De stêd waard oerrompele nei't de foarrieden en munysje oprekken. Regensburg hie slim te lijen fan 'e striid; likernôch 150 hûzen baarnden út en de stêd waard plondere.
Twadde Wrâldkriich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op 17 augustus 1943 en op 5 febrewaris 1945 bombardearren de alliearre krêften Regensburg. De doelen wiene in fabryk, dêr't de Messerschmitt Bf 109 produsearre waard en in oaljeraffinaderij. By de bombarademinten hie Regensburg sels net in soad te lijen fan ferneatigings, it grutste kulturele ferlies fan 'e stêd hat wol de romaanske abdijtsjerke Obermünster west. De tsjerke waard by in loftoanfal fan maart 1945 ferneatige en net wer opboud. De drege ekonomyske sitewaasje fan 'e stêd nei de oarloch droech der oan by dat in soad histoaryske gebouwen nei de kriich net ôfbrutsen en ferfongen waarden troch nije gebouwen.
Sûnt 1940 waarden út it regionale psychiatrysk sikehûs oan 'e Ludwig-Thoma-Straße meiïnoar 638 froulju, manlju en bern yn it ramt fan it eutanasy-programma Aksje T4 nei Hartheim deportearre. Mear as 500 oare minsken waard mei twang sterilisearre.
Yn 'e lêste jierren fan 'e kriich wie yn it Colosseum yn it stedsdiel Stadtamhof in bûtenkamp fan Flossenbürg, fan wêrút sa'n 460 finzenen út hiel Europa twangarbeid yn 'e omkriten dwaan moasten. Yn mar fiif wiken tiid ferstoaren 40 twangarbeiders ûnder de minne omstannichheden.[1]
De monumintale synagoge fan Regensburg út 1912 waard op 9 novimber 1938 yn 'e brân stuten en de ruïne yn 'e moannen dêrnei hielendal ôfbrutsen. Fan 'e joadske mienskip wist hast de helte op 'e tiid te flechtsjen of te emigrearjen. Meiïnoar waarden der likernôch 250 joadske ynwenners yn 1942 nei it easten deportearre en yn 'e kampen fermoarde. Ta oantinken fan 'e slachtoffers fan it nasjonaal-sosjalisme binne op 12 juny 2007 de earste stroffelstiennen lein.
Nei 1945
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Foar mear yndustry ynvestearre Regensburg oan it begjin fan 'e jierren 1960 yn 'e technyske en sosjale ynfrastruktuer fan 'e stêd. Siemens wie de earste multynasjonale ûndernimming dy't yn Regensburg in fêstiging bouwe liet. De twadde wie BMW, dy't in grutte produksjefabryk bouwe liet. Sûnt de jierren 1990 brochten mear hightech bedriuwen wurkgelegenheid nei Regensburg, lykas Unfineon en OSRAM.
Yn 2006 waard it histoaryske sintrum mei it stedsdiel Stadtamhof oan 'e oare kant fan 'e Donau tafoege oan 'e list fan it wrâlderfgoed fan UNESCO. Regensburg is noard fan de Alpen ien fan 'e grutste midsiuwske stêden.
Befolkingsûntwikkeling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jier | 1861 | 1875 | 1900 | 1925 | 1933 | 1950 | 1960 | 2019 |
---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Ynwenners | 27.875 | 31.504 | 45.429 | 76.948 | 81.106 | 117.291 | 123.400 | 153.094 |
It besjen wurdich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Domtsjerke Sint-Petrus (Domplatz)
- Kleaster Sankt Emmeram (Emmeranplatz)
- Eardere dominikanertsjerke Sint-Blasius (Beraiterweg)
- Stiftstsjerke Us Leavefrou fan 'e Alde Kapel (Alter Kornmarkt)
- Karmelitertsjerke Sint-Joazef (Am alten Kornmarkt)
- Trije-ienheidstsjerke (Schrerestrasse)
- Sint-Kassianustsjerke (Kassiansplatz)
- Neupfarrkirche (Neupfarrplatz)
- Stift Niedermünster (noardeastlik fan de dom)
- Sint-Jabikstsjerke of Skottentsjerke Sint-Jabik (Jakobsstrasse)
- Alde Riedshûs
- Herzogshof (eastlik fan 'e dom)
- Slot fan 'e foarsten fan Thurn en Taksis
- Stiennen brêge oer de Donau (1135-1146)
Musea
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Radhaus
- Historisches Museum
- Diözesanmuseum
- Fürst Thurn und Taxis Schlossmuseum
- https://www.nmo-regensburg.de/ Naturkundemuseum Ostbayern]
- Keplergedächtnishaus
- Ostdeutsche Galerie
- Dackelmuseum
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side
|