Springe nei ynhâld

Rocky (film út 1976)

Ut Wikipedy
Rocky
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur John G. Avildsen
produsint Irwin Winkler
Robert Chartoff
senario Sylvester Stallone
kamerarezjy James Crabe
muzyk Bill Conti
filmstudio United Artists
Chartoff-Winkler Productions
distribúsje United Artists
spilers
haadrollen Sylvester Stallone
Talia Shire
byrollen Burt Young
Carl Weathers
Burgess Meredith
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 21 novimber 1976
foarm langspylfilm
sjenre sportdrama
taal Ingelsk
spyltiid 119 minuten
budget en resultaten
budget $1,2 miljoen
opbringst $225 miljoen
prizen Oscar
Golden Globe
filmsearje
filmsearje Rocky (filmsearje)
● folgjend diel Rocky II

Rocky, soms mei weromwurkjende krêft Rocky I neamd, is in Amerikaansk sportdrama út 1976 ûnder rezjy fan John G. Avildsen, mei yn 'e haadrollen Sylvester Stallone en Talia Shire. De film waard makke nei in senario dat troch Stallone sels skreaun wie. It ferhaal giet oer Rocky Balboa, in goedhertige bokser út in folksbuert yn Philadelphia, dy't nea folle ûnderwiis genoaten hat, mar ûnferwachts de kâns kriget om as bokser troch te brekken. Rocky waard makke foar $1,2 miljoen, mar woeks yn 'e bioskopen út ta de meast opbringende film fan 1976. De filmkritisy swaaiden de film rûnom lof ta, en Rocky wûn yn 1977 trije Oscars, wêrûnder de Oscar foar Bêste Film, en dêropta ek de Golden Globe foar Bêste Film – Drama. De film makke de karriêre fan Sylvester Stallone. Yn 2006 waard er troch de Library of Congress útornearre om preservearre te wurden yn it Amerikaanske National Film Registry. Rocky wurdt tsjintwurdich beskôge as in wiere klassiker, en is neffens it Amerikaansk Film Ynstitút de op ien nei bêste sportfilm ea makke. It súkses fan Rocky late ta de Rocky-filmsearje, wêrfan't yn 2018 it achtste diel útkaam.

Rocky Balboa is in goedhertige, tritichjierrige man út in etnysk Italjaanske folksbuert fan 'e Amerikaanske stêd Philadelphia. Hy libbet yn earmoede en bedript himsels troch jild te ynjen fan lju dy't liend hawwe fan 'e pleatslike woekerder Gazzo. Hy jout oaren goede rie, dy't ornaris yn 'e wyn slein wurdt, en as er fan Gazzo in liener dy't te let betellet de fingers brekke moat, lit er de man gean mei in warskôging. Ut leafhawwerij en om wat by te fertsjinjen, bokst Rocky út en troch noch wat, mar hy hat de hoop al lang opjûn om it yn dy sport te meitsjen. Underwilens stiket er nei de pynlik bleue dierewinkelkassiêre Adrian, de suster fan syn alkoholistyske maat Paulie. Troch in protte lju yn syn om-en-by wurdt oan Rocky hieltyd op 'e nij ferteld dat er in liddichgonger is en neat foarstelt.

Yn it neijier fan 1975 makket de wrâldkampioen boksen yn 'e swiergewichtklasse, Apollo Creed, plannen om yn Philadelphia in titelgefjocht te hâlden ta gelegenheid fan it oankommende Twahûndertjierrich Bestean fan de Feriene Steaten yn 1976. Fiif wiken foarôfgeande oan it gefjocht, as der al witwat oan marketing útjûn is, kriget er lykwols te hearren dat syn tsjinstanner in blessuere oan 'e hân oprûn hat, mei as gefolch dat er net oan it gefjocht dielnimme kin. Bokspromoater George Jergens besiket in ferfangende tsjinstanner foar Creed te krijen, mar eltsenien hat al oare ferplichtings of fynt fiif wiken te koart dei om jin ta te rieden. Dêrop beslút Creed in ûnbekende bokser út Philadelphia de kâns te jaan om him út te daagjen foar de wrâldtitel, in idee dat er oan it publyk ferkeapje wol mei in berop op 'e Amerikaanske Dream. Om gjin oare reden as om't er syn bynamme, The Italian Stallion ("De Italjaanske Hynst") moai klinken fynt, kiest er dêr Rocky Balboa foar út.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

As Rocky útnûge wurdt troch Jergens giet er derfan út dat Creed sparringpartners siket om te oefenjen. Dat liket him skoan ta. It komt him lykwols raar oer it mad as er te hearren kriget dat er tsjin Creed om 'e titel fjochtsje moat. Jergens hat der noch wurk fan om him te bepraten, mei't Rocky himsels dêr net goed genôch foar fynt. Uteinlik giet er skytskoarjend akkoart mei it foarstel, dêr't er $150.000 foar betelle krije sil. Rocky traint ferskate wiken op eigen manneboet, wêrby't er alles ynset dat er fine kin, lykas kowekadavers yn it slachthûs dêr't Paulie wurket, dy't er as stjitsek brûkt. Dan biedt Micky Goldmill, in trainer en sportskoallehâlder út 'e buert, dy't yn 'e 1920-er jierren sels furoare makke as bokser, oan om syn trainer te wurden. Micky hat earder nea nei Rocky omsjoen om't er fynt dat Rocky syn talinten as bokser fergriemd hat, en Rocky, dy't dêroer wrokket, is sadwaande earst net bêst oer it oanbod te sprekken. Nei't er syn hert luchte hat, nimt er it lykwols dochs oan.

Underwilens begjint Rocky op oantrún fan Paulie in romantyske relaasje mei Adrian. Op harren earste ôfspraakje nimt er har mei nei in keunstiisbaan, dêr't se nei slutingstiid reedride meie nei't Rocky de konsjerzje omkocht hat. De jûn einiget mei in tút. Letter rekket Paulie jaloersk op it súkses fan Rocky, en yn in dronken rûzje komt er de by him ynwenjende Adrian sa op it sear, dat se him fierders yn syn eigen sop gearsiede lit en by Rocky ynlûkt (hoewol't sy en Rocky beide yn in eigen bêd sliepe). Noch wer letter leit Paulie it by mei Rocky. Hy betinkt in plan om Rocky syn súkses foar eigen gewin te brûken troch him reklame meitsje te litten foar it slachthûs dêr't er wurket. Mei de eigner praat er ôf dat hy dêr it jild foar opstrykt. De jûn foarôfgeande oan it titelgefjocht begjint Rocky syn selsfertrouwen te ferliezen nei't er de boksarena besjoen hat dêr't it gefjocht plakfine sil. Oan Adrian bychtet er op dat er net ferwachtet dat er winne kin. Mar nimmen hat it ea fyftjin folle omgongen tsjin Creed útholden; as er dàt noris dwaan kinne soe, dan hied er foar syn eigen gefoel al wûn. En dan sil er ek foar iens en foar altyd bewiisd hawwe (fral oan himsels), dat er gjin liddichgonger is en wól wat foarstelt.

It gefjocht wurdt holden op nijjiersdei. Rocky komt yn 'e boksarena binnen yn in mantel dy't in slach te grut foar him is, mei de reklame foar it slachthûs op 'e rêch. Creed makket in dramatyske yntree wêrby't er earst ferklaaid is as George Washington en dêrnei as Uncle Sam. Hy sjocht it gefocht as in show, en it is nea by him opkommen dat Rocky ek mar yn 'e fierste fierte in serieuze tsjinstanner wêze kin. As it gefjocht begjint, makket Rocky gebrûk fan Creed syn te grutte selsfertrouwen troch him yn 'e earste omgong tsjin it kanvas te slaan. It is de earste kear dat soks Creed ea oerkomd is, en de skok is foar him dan ek grut.

De rest fan it gefjocht nimt er Rocky mear serieus, al kringt it dan noch net echt ta him troch dat er ferlieze kin. As Rocky lykwols omgong nei omgong oerein bliuwt, begjint Creed him wat langer wat mear soargen te meitsjen. It gefjocht duorret úteinlik de folle fyftjin omgongen, wylst beide boksers stadichoan mear ferwûnings oprinne. Sa rekket Rocky syn noas brutsen en moat op in stuit syn rjochtereachlid iepensnien wurde om it bloed der útrinne te litten sadat it minder opset rekket en hy wer wat mei dat each sjen kin, wylst Creed in brutsen rib en in ynwindige blieding kriget. Creed syn bettere technyk rint fêst op Rocky syn ynkassearringsfermogen en syn taaie wegering om op te jaan. As de lêste omgong einiget, hingje de beide mannen yn inoars earms en ûnthjitte se inoar dat der gjin revânsgefjocht komme sil.

Nei it gefjocht bestoarmet it troch-entûsjaste publyk de boksring. Jergens makket oer de lûdsprekker bekend dat dit gefjocht "de grutste fertoaning fan moed en úthâldingsfermogen yn 'e skiednis fan it boksen" wie. Rocky raast oanhâldend om Adrian, dy't har úteinlik by him yn 'e ring jaan kin trochdat Paulie de befeiligingslju ôfliedt. Op dat stuit makket Jergens bekend dat in net-unanime útspraak fan 'e sjuery beslist hat dat Creed de winner fan it gefjocht is. Creed en syn oanhingers barste yn jûchhei út, mar op datselde stuit arrivearret Adrian by Rocky en falle se inoar yn 'e earms. Wylst se inoar harren leafde ferklearje, kin de útkomst fan it gefjocht harren neat mear skele.

Sylvester Stallone.
Talia Shire.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise
Rocky Balboa Sylvester Stallone
Adrian Pennino Talia Shire


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Paulie Pennino Burt Young
Apollo Creed Carl Weathers
Mickey Goldmill Burgess Meredith
George Jergens Thayer David
Tony Gazzo Joe Spinell
Tony "Duke" Evers Tony Burton
Spider Rico Pedro Lovell

Sylvester Stallone skreau it senario foar Rocky yn trije en in heale dei, koart nei't er de bokswedstryd tusken Muhammad Ali en Chuck Wepner sjoen hie, dy't plakfûn op 24 maart 1975 yn Richfield (Ohio). Wepner, de underdog, hold ûnferwachts fol oant er yn 'e fyftjinde omgong troch Ali knock-out slein waard. Nettsjinsteande it feit dat er letter tajoech dat it gefjocht tusken Ali en Wepner him ta it skriuwen fan it senario ynspirearre hie, ûntstried Stallone by heech en by leech dat er Rocky basearre hie op Wepner. Dat kin der lykwols ek mei te krijen hân hawwe dat Wepner neitiid in rjochtsaak tsjin Stallone oanspande, dy't foar in geheim holden bedrach skikt waard.

Filmstudio United Artists (UA) woe it skript fan Stallone wol ferfilmje, mar mei yn 'e titelrol in bekende akteur, lykas Robert Redford, Burt Reynolds of James Caan. Stallone woe lykwols beslist sels de rol spylje, en dêr hold er sa oan fêst dat er de studio op in stuit in ultimatum stelde en drige om mei syn senario earne oars hinne te gean. Letter seid er dêr yn in fraachpetear oer dat er it himsels nea ferjûn hawwe soe as de film in súkses wurden wie mei in oare akteur yn 'e haadrol.

Stallone doarst in ultimatum te stellen om't er wist dat de filmprodusinten Irwin Winkler en Robert Chartoff yn harren kontrakt mei UA betongen hiene dat se eltse film meitsje mochten dy't se meitsje woene, as se de kosten mar leech genôch holden. It tinken wie dat de eventuële ferliezen fan sokke projekten dutsen wurde soene troch de winst dy't harren bigbudgetfilm New York, New York opbringe soe. (Eins kaam it lykwols sa dat New York, New York flopte en flink wat ferlies litte, dat goedmakke waard troch de winst fan Rocky.) Mei stipe fan Winkler en Chartoff krige Stallone UA safier dat er de haadrol spylje mocht. Der kaam in budget fan $1.075.000 foar Rocky beskikber, mei dêroerhinne $100.000 oan salariskosten fan 'e produsinten en nochris $4,2 miljoen oan marketingkosten.

Hoewol't Chartoff en Winkler enthûsjast wiene oer it senario, wiene se der al wat huverich foar om in ûnbekende akteur de haadrol spylje te litten. Se giene dermei akkoart, mar twifelen oangeande de casting fan 'e oare akteurs. Sadwaande waarden de rollen fan Apollo Creed en Adrian Pennino pas frij let yn it preproduksjeproses ferfolle. De echte bokser Ken Norton waard yn 't earstoan frege foar de rol fan Apollo Creed, mar hy loek him úteinlik werom, wêrnei't de rol nei Carl Weathers gie. Foar de rol fan Adrian waard oarspronklik Carrie Snodgress keazen, mar dat rûn op 'e non omreden fan ûnienichheid oer har salaris. Susan Sarandon die audysje foar de rol, mar de produsinten fûnen har te kreas. Nei't Talia Shire audysje dien hie, wiene de produsinten en regisseur John G. Avildsen it der fuortendaliks oer iens dat sy it wurde moast.

Fanwegen it beheinde budget fan Rocky waarden ferskate figuranteroltsjes yn 'e film ferfolle troch famyljeleden fan Stallone. Sa lette syn heit de bel by it begjin en de ein fan in omgong, spile syn broer Frank in strjitmuzikant en wie syn earste frou Sasha as fotografe by de produksje belutsen. De film befettet ek cameo's fan bokser Joe Frazier, sportferslachjouwer Stu Nahan (as himsels), en Lloyd Kaufman, de oprjochter fan 'e filmstudio Troma Entertainment, dy't in dronkelap spile. Hoewol't er net neamd wurdt op 'e ôftiteling, wie Rocky it akteardebút fan Michael Dorn, dy't letter wrâldferneamd wurde soe as de Klingon Worf yn 'e science fiction-tillefyzjesearje Star Trek: The Next Generation. Dorn is yn 'e film te sjen as de liifwacht fan Apollo Creed.

De opnamen foar Rocky begûnen op 6 jannewaris 1976, mei James Crabe as kameraregisseur. De film waard foar it meastepart op lokaasje opnommen op ferskillende plakken fan Philadelphia, wylst inkele binnendoarsênes yn Los Angeles filme waarden. De nije Steadicam fan útfiner en kameraman Garrett Brown waard brûkt om lykmjittich filmjen mooglik te meitsjen yn 'e sênes wêryn't Rocky by wize fan training troch de strjitten fan Philadelphia en by de treppens foar it Philadelphia Museum of Art op draaft. Dat lêste ûnderdiel fan 'e film kaam eins streekrjocht út it wiere libben fan bokser Joe Frazier, krekt as de sênes wêryn't Rocky by wize fan training ynhuft op kowekadavers yn in slachthûs. It personaazje fan Apollo Creed wie loskes basearre op bokser Muhammad Ali. By de útrikkingsseremoanje fan 'e Oscars yn jannewaris 1977 fierden Ali en Stallone in koarte, komyske konfontaasje op, om dúdlik te meitsjen dat Ali him troch de film net misledige fielde.

It Philadelphia Museum of Art mei syn treppens, dy't no yn 'e folksmûle de 'Rocky Steps' hjitte.

De film kaam der net persiis út te sjen sa't Stallone oarspronklik it senario skreaun hie; guon ûnderdielen waarden yn oerlis mei regisseur Avildsen feroare. It skript hie nammentlik in dûnkerder toan: dêryn waard Mickey ôfskildere as rasist, en it einige mei it opsetlike ferlies fan Rocky as dy beseft dat er gjin diel útmeitsje wol fan 'e bokswrâld. Under de opnamen fan 'e bokssêne oan 'e ein fan 'e film rûnen sawol Stallone as Weathers ferwûnings op: Stallone krige kniesde ribben, en Weathers in brutsen noas, iroanysk genôch persiis de omkearde ferwûnings dy't harren personaazjes yn 'e film hawwe.

Der waarden ek feroarings yn it senario oanbrocht om't de omstannichheden neat oars talieten. It earste ôfspraakje fan Rocky en Adrian, wêrby't Rocky har meinimt nei in keunstiisbaan en dêr in konsjerzje omkeapet om harren de baan brûke te litten, kaam der sa út te sjen om't de produsinten ornearren dat se net útkomme soene mei it budget as se hûnderten figuranten ynhiere moasten sadat Rocky en Adrian de iisbaan besykje koene as dy gewoan iepen wie. De poster boppe de ring dêr't Rocky en Creed fjochtsje sille, toant Rocky yn in reade koarte broek mei in wite biis, wylst er eins in wite koarte broek mei in reade biis draacht. As Rocky dêr op wiist, kriget er te hearren: "Dat makket dochs eins neat út, wol?" Neffens regisseur Avildsen wie de poster lykwols in echte flater, dêr't Stallone de koarte sêne omhinne skreau om't it oars ûnnoazel lykje soe. Itselde barde mei de mantel fan Rocky, dy't te grut wie. Hy waard lykwols op 'e dei fan 'e opname oanlevere, dat der wie gjin tiid mear om him te fermeitsjen. Om foar te kommen dat it komysk oerkomme soe, skreau Stallone doe wat dialooch wêryn't Rocky derop wiist dat de mantel him te grut is.

De filmmontaazje fan Rocky waard dien troch filmeditors Richard Halsey en Scott Conrad y.g.m. regisseur John G. Avildsen. De filmmuzyk wie fan 'e hân fan komponist Bill Conti, dy't earder in soundtrack makke hie foar Avildsen syn W.W. and the Dixie Dancekings (1975). Dy soundtrack wie doe lykwols ôfwiisd troch de studio. Foar Rocky hiene de produsinten earst David Shire (doe troud mei aktrise Talia Shire) op it each om 'e filmmuzyk te meitsjen, mar dy koe net om't er oare ferplichtings hie. Dêrnei koe Avildsen, fanwegen it lege budget fan 'e film, sûnder tuskenkomst fan 'e studio Conti oannimme, dy't foar de put $25.000 betelle krige. Dat wie net allinnich syn salaris, mar der moast ek it orkest en de hier fan 'e muzykstudio en alle oare omballingen fan betelle wurde. De titelsong Gonna Fly Now, mei tekst fan Carol Connors en Ayn Robbins op in meldij fan Conti, behelle neitiid it earste plak yn 'e Billboard Hot 100-hitlist. De soundtrack fan Rocky waard op 12 novimber 1976 troch United Artists Records útbrocht op LP en kassettebantsje, en yn 1988 troch EMI ek op cd.

De filmdistribúsje fan Rocky waard fersoarge troch United Artists. De film gie op 21 novimber 1976 yn New York yn premiêre en iepene op 3 desimber fan dat jier yn 'e Amerikaanske bioskopen.

Rocky krige tige positive resinsjes fan 'e filmkritisy. Roger Ebert fan 'e Chicago Sun-Times joech de film fjouwer fan fjouwer stjerren en skreau dat Sylvester Stallone him "de jonge Marlon Brando" yn 't sin brocht. Yn The New York Post wie Frank Rich minder útsprutsen. Hy skreau dat er wol oer de film mocht, hoewol't er it senario "gimmick-eftich" en "ûnsubtyl" neamde. Yn ferskate oare resinsjes waard Rocky ferlike mei it wurk fan 'e legindaryske Amerikaanske filmmaker Frank Capra, hoewol't Andrew Sarris yn The Village Voice fûn dat dy ferlikings mank giene. Vincent Canby fan The New York Times wie ien fan 'e seldsume kritisy dy't net folle op hie mei Rocky, in film dy't er omskreau as "puere fantasij yn 'e styl fan 'e 1930-er jierren". Ek fûn er it aktearjen Stallone min en de rezjy fan John G. Avildsen "neat te beslútfeardich".

Hjoed de dei wurdt Rocky beskôge as in wiere filmklassiker. Fral de sêne wêryn't Rocky by wize fan training foar syn gefjocht mei Creed de treppens foar it Philadelphia Museum of Art opdraaft, is ikoanysk wurden. (Dy treppens steane tsjintwurdich yn 'e folksmûle bekend as de 'Rocky Steps'.) Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat de film in heech goedkarringspersintaazje fan 93%, basearre op 57 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Dit ferhaal fan in oan legerwâl rekke bokser is tige foarsisber, mar it skript fan Sylvester Stallone en syn manjefike optreden yn 'e titelrol reagje alle klachten út 'e wei." Yn 2006 waard Rocky troch de Library of Congress útornearre foar preservaasje yn it Amerikaanske National Film Registry as in film fan kulturele, histoaryske en/of estetyske wearde.

Rocky brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $117 miljoen op. (Oanpast foar ynflaasje soe dat yn jild fan 2018 mear as $500 miljoen west hawwe.) Yn oare lannen en territoaria brocht de film $107 miljoen op, wêrmei't de totale opbringst útkaam op $225 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $1,2 miljoen en de marketingkosten dy't $4,2 miljoen bedroegen, betsjutte dat in skjinne winst fan $219,6 miljoen. (Yn jild fan 2018 soe dat op krapoan $940 miljoen útkommen wêze.) Rocky wie dêrmei yn 'e Feriene Steaten en Kanada de meast opbringende film dy't yn 1976 yn premiêre gie en de op ien nei meast opbringende film dy't yn 1977 yn 'e bioskopen draaide.

Rocky waard yn jannewaris 1977 nominearre foar Golden Globes yn seis kategoryen, wêrûnder bêste regisseur (John G. Avildsen), bêste akteur yn in dramafilm (Sylvester Stallone), bêste aktrise yn in dramafilm (Talia Shire), bêste senario (Stallone) en bêste filmmuzyk (Bill Conti). De film wûn úteinlik mar ien Golden Globe, mar dat wie wol de wichtichste: de Golden Globe foar bêste film – drama.

Rocky waard yn jannewaris 1977 ek nominearre foar njoggen Oscars, wêrûnder de prizen yn 'e kategoryen bêste akteur (Stallone), bêste aktrise (Shire), bêste orizjinele senario (Stallone), twaris foar bêste byrol fan in akteur (Burgess Meredith en Burt Young), bêste orizjinele liet (Conti, Carol Connors en Ayn Robbins foar Gonna Fly Now), en bêste lûd (Harry Warren Tetrick, William McCaughey, Lyle J. Burbridge en Bud Alper). De film wûn trije Oscars: de Oscar foar bêste film en dy foar bêste regisseur (Avildsen) en bêste filmmontaazje (Richard Halsey en Scott Conrad).

Rocky wûn ek de Directors Guild of America Award foar bêste film fan it jier en ferskate mindere prizen. De film is neitiid gauris opnommen yn top 10-listkes fan bêste sportfilms. Yn 2008 keas it Amerikaansk Film Ynstitút (AFI) Rocky út as de op ien nei bêste sportfilm aller tiden, nei Raging Bull.

Troch syn ûnbidige súkses waard Rocky it earste diel fan in filmsearje dy't ek Rocky hjit. Yn 2018 kaam dêrfan mei Creed II it achtste diel út. Anno 2020 binne der fierfoardere plannen foar teminsten noch twa nije films.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

Rocky (filmsearje)
Rocky (1976) • Rocky II (1979) • Rocky III (1982) • Rocky IV (1985) • Rocky V (1990) • Rocky Balboa (2006) • Creed (2015) • Creed II (2018)