Vladimir (stêd)
Vladimir (stêd) | |
---|---|
Flagge | Wapen |
Polityk | |
Lân | Ruslân |
Oblast | Vladimir |
Sifers | |
Ynwennertal | 348.663 (gemeente) (2022) |
Oerflak | 137,14 km² |
Befolkingstichtens | 2.545 ynw. /km² |
Hichte | 150 m boppe seenivo (sintrum) |
Oar | |
Stifting | 990 of 1108 |
Tiidsône | UTC +3 |
Koördinaten | 56° 08' N 40° 25' E |
Webside | www.vladimir-city.ru |
Vladimir (Russysk: Влади́мир; IPA: vlɐˈdʲimʲɪr) is in stêd yn Ruslân oan de rivier Kljazma, 200 km beëasten Moskou oan de sneldyk M7. It is de haadstêd fan de oblast Vladimir. Vladimir wie yn de midsiuwen ien fan de haadstêden fan Ruslân. Twa fan de katedralen yn Vladimir stean op de wrâlderfgoedlist fan UNESCO. De stêd hat in lofthaven en yn it tiidrek fan de Kâlde Kriich wie dêr de fleanbasis Dobrynskoje.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Stifting
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De earste fernijing fan Vladimir yn de Nestorkronyk is fan 1108, it jier wat yn it generaal as stiftingsjier fan de stêd beskôge wurdt. Der wurdt oannaam dat Vladimir Monomach de stifter en nammejouwer fan de stêd west hat. Vladimir Monomach soe de regio erfd hawwe as part fan it foarstedom Rostov-Sûzdal en de soe de stêd stifte hawwe om him los te meitsjen fan de ynfloed fan de bojaren. Yn 1958 waard de 850e jierdei fan Vladimir fierd.
Yn de jierren 1990 fan de 20e iuw makke in oare teory opgong, dy't de stifting fan de stêd taskriuwt oan Vladimir I de Hillige, dy't Ruslân kristene hat. Neffens dy ferzje soe Vladimir om 990 hinne ûntstien wêze. Oer dy teory is strideraasje om't se Vladimir âlder meitsje soe as it yn 1024 stifte Sûzdal, wylst ferskate 12e- en 13e-iuwske boarnen fernije dat Vladimir fergelike mei Sûzdal en Rostov in jonge stêd wie.
Gouden Iuw
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Begjin 12e iuw wie Vladimir mar in ferdigeningspost fan it foarstedom Rostov-Sûzdal. Nei 1157 ferhûze de soan fan Vladimir Monomach, Joeri Dolgorûki ('Joeri mei de lange earms'), de haadstêd nei Vladimir en begjint in Gouden Iuw dy't duorje soe oant de ynfallen fan de Tataren yn Ruslân.
Yn dy perioade wie Vladimir ien fan de moaiste stêden fan Europa, dêr't tal fan katedralen út wite stien boud waarden. Hjoed-de-dei binne dêr noch mar trije fan oerbleaun: de Untsliepeniskatedraal, de Dmitrikatedraal, en de Gouden Poarte.
Delgong
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op 8 febrewaris 1238 waard Vladimir oermastere troch de Gouden Horde fan Batu Khan. Pakesizzer fan Joeri Dolgorûki, prins Joeri II, en syn famylje komme op de earste dei fan de de belegering om, doe't al 32 gebouwen troch brân ferwoastge waarden.
Dy klap is Vladimir nea wer oerhinne kaam; hoewol't it oant mids 14e iuw de haadstêd fan Ruslân bleau, ferskode it politike sintrum stadichoan nei de nijere stêden Moskou en Nizjni Novgorod.
Befolking
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]1811 | 1840 | 1863 | 1897 | 1914 | 1926 |
---|---|---|---|---|---|
5 700 | 12 000 | 14 700 | 28 500 | 32 700 | 40 000 |
1939 | 1956 | 1959 | 1962 | 1970 | 1976 |
66 800 | 121 000 | 154 000 | 174 000 | 234 000 | 276 000 |
1979 | 1986 | 1989 | 1996 | 2002 | 2008 |
296 400 | 336 000 | 349 700 | 339 700 | 315 954 | 339 494 |
De befolking is foar 85% ortodoks. Der is ek in katolike gemeente mei de Rosairetsjerke as gebedshûs.
Modern Vladimir
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ekonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn Vladimir binne ferskate elektrisiteitssintrales en gemyske fabriken festige; teffens fiedselferwurkjende fabriken en it is it haadkertier fan it 27e raketleger fan de Strategyske Raketstriidkrêft. It toerisme hâldt ferbân mei de histoaryske plakken yn de stêd en foarmet in wichtige boarne fan ynkommen.
Underwiis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Vladimir hat de folgjende ynstellingen foar heger ûnderwiis:
- Steatsuniversiteit Vladimir
- Steatsuniversiteit foar the Humanioara Vladimir (klassike talen en letterkunde)
- Judysjeel Ynstitút Vladimir fan it ministearje fan Justysje
- Sake-ynstitút Vladimir
Yn Vladimir is ek it "Federaal Sintrum foar Sûnens en Wolwêzen fan Bisten.
Transport
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Vladimir is ferbûn mei Moskou en Nizjni Novgorod oer it spoar en de M7. Lokaal ferkear wurdt fersoarge mei bussen, trolleybussen, persoanebuskes en taksy's. De lêste twa binne it hiele etmaal ta jin foldwaan.
Sport
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]FC Torpedo Vladimir is de fuotbalklup fan de stêd, sy spylje yn de Russyske Twadde Difyzje.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- (in) Offisjeel webstee fan Vladimir
- Ynfomaasje Vladimir (toerisme)
- Mear oer Vladimir en oare stêden fan de Gouden Ring
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Vladimir (stêd) fan Wikimedia Commons. |