Frânsk
Frânsk | ||
algemien | ||
oare namme(n) | gjin | |
eigen namme | français | |
lânseigen yn | Frankryk, Kanada bynamme yn Quebek, Nij Brunswyk en foar in part yn Ontario; Belgje; Switserlân; Libanon; Lúksemboarch; Monako; Marokko; Algerije; Tuneezje; Ivoarkust; Kongo; Niger; Senegal; Haïty; Laos; Kambodja; Fietnam. | |
tal sprekkers | 270.000.000, dêrfan sa'n 80 miljoen memmetaalsprekers | |
skrift | it Latynske alfabet | |
taalbesibskip | ||
taalfamylje | Yndo-Jeropeesk - Italo Keltysk -Italysk - Latynsk Faliskysk - Latynsk - Romaansk - Frânsk | |
dialekten | Berrisjoansk, Boerboneesk, Orléaneesk, Toerangaarsk, Kebekaansk | |
taalstatus | ||
offisjele status | yn tritich lannen in offisjele taal | |
taalkoades | ||
ISO 639-1 | fr | |
ISO 639-2 | fre (B) en fra (T) | |
ISO 639-3 | fra |
It Frânsk (français) is tredde op 'e list fan oantal sprekkers op 'e Romaanske taallist, nei it Spaansk en Portegeesk, wurdt it Frânsk sprutsen troch meiinoar 270 miljoen minsken. Foar sa'n 80 miljoen minsken is Frânsk de memmetaal. De boarne fan it Frânsk is it Latyn, mar der binne ek in soad Aldgrykske lienwurden yn 'e taal. Histoarysk sjoen hat it Frânsk trije foarmen hân: it Aldfrânsk, it Midfrânsk en it Nijfrânsk.
Taalgebiet
It Frânsk is yn 30 lannen op ierde in offisjele taal.
Frânsk yn Europa
Fierwei de measte memmetaalsprekkers fan it Frânsk wenje yn Frankryk. Yn grutte dielen fan Belgje, Lúksemboarch, Switserlân en yn it uterste noardwesten fan Itaalje wurdt de taal troch memmetaalsprekkers sprutsen. De stedsteat Monako is folslein Frânsktalich.
Neffens in ûndersyk dat útfierd is yn opdracht fan de Europeeske Kommisje, wurdt it Frânsk troch 12% fan de ynwenners fan de Europeeske Uny as memmetaal praat (2012). It Frânsk is dêrmei nei it Dútsk (16%), Ingelsk (13%) en Italjaansk (13%) de fjirdgrutste Europeeske taal.[1]
Mei it Ingelsk en Dútsk is Frânsk ien fan de wichtichste amts- en wurktalen fan de Europeeske Uny. Dat leit ûnder oaren oan de posysje fan Frankryk as oprjochtingslid en oan de sprieding fan de ynstituten fan de Europeeske Uny yn Frânsktalige stêden lykas Brussel, Straasboarch en Lúksemboarch. Lykwols is it Ingelsk as wurktaal fanselssprekkender wurden as wurktaal. Dêrtroch wurde der hieltyd minder dokuminten direkt yn it Frânsk fêstlein.[2]
Frânsk bûten Europa
Bûten Europa wenje yn de Kanadeeske provinsje Kebek in soad memmetaalsprekkers. Sa'n 6 miljoen minsken, sa'n 80% fan de ynwenners, hawwe it Frânsk as memmetaal. Yn de provinsjes Ontario, Alberta, Manitoba, Nij-Breunswyk en Nij-Skotlân wenje noch mear Frânsketalige minderheden. Dêrtroch hat sa'n dik 20% fan de Kanadeeske befolking it Frânsk as memmetaal. Yn de Feriene Steaten wenje Frânsktalige minderheden yn Louisiana en Maine, mei-inoar inkelde tsientûzenen memmetaalsprekkers.
Yn Afrika hat it Frânsk noch hieltyd in belangrike status as ferkears- en hannelstaal. Yn in protte Afrikaanske lannen is it Frânsk de offisjele amtstaal en spilet in belangrike rol yn bygelyks bestjoer, rjochtspraak en ûnderwiis. Sa hat de Demokratyske Republyk Kongo wol mear as 200 talen, 4 ynterregionale talen en it Frânsk as neutrale amtstaal dy't ek yn it ûnderwiis brûkt wurdt. Yn fierwei de measte Frânstalige lannen yn Afrika is it Frânsk dus de twadde of tredde taal. Der binne stêden lykas Abidjan (Ivoarkust) en Libreville (Gabon) dêr't it Frânsk troch in mearderheid fan de befolking as memmetaal sprutsen wurdt.
Yn de ferskillende oerseeske gebieten dy't Frankryk hjoed de dei hat, is it Frânsk de iennichste amtstaal.
Ynternasjonale amts- en wurktaal
It Frânsk is in amts- of wurktaal by ferskate ynternasjonale organisaasjes (bgl. de Europeeske Uny, Ynternasjonnale Olympyske Kommisje, Wrâld Hannel Organisaasje, Noard-Atlantyske Ferdrachsorganisaasje, FIFA, Afrikaanske Uny, ESA, Ynterpol ensfh.) en it is ien fan de seis offisjele talen fan de Feriene Naasjes en syn organisaasjes.
Skiednis
Yn Galje wienen trije folken mei elk in eigen taal: De Kelten yn it midden (troch de Romeinen Galjers neamd), de Aquitani yn it súdwesten en de Belgjers yn it noarden. De Romanisearring fûn yn twa fasen plak. Mei it ûntstean fan de Romeinske provinsje Gallia Narbonensis waard it Latyn yn Súd-Frankryk yntroduseard. Fan 58 f. Kr. ôf ferovere Julius Caesar it noarden fan Galje yn de Gallyske Kriech. Nei de ferovering folge de fersprieding fan it Latyn nei it noarden.
De âldst oerlevere Frânske skriften komme út de 9e iuw. It âldste dokumint yn it Frânsk is it Unthjit fan Straasboarch, dy't nei alle wierskyn ek troch it gewoane folk begrepen wurde moast. Fan de 12e iuw ôf is der sprake fan in literêre kultuer. De measte Frânske teksten fan foar de 14e iuw binne skreaun yn de súdlike dialekten, it Oksitaansk as ek de Langue d'Oc. Yn it Edikt fan Villers-Cotterêts, dat yn 1539 opsteld is, waard it Frânsk as ferplichte bestjoerstaal ynsteld. Dat wurke yn it foardiel fan de Langue d'Oïl, de noardlike fariant fan it Frânsk, want it noardlike Parys wie doe al sa'n tûzen jier it nasjonale en sintrale bestjoerssintrum. Yn dy tiid waard, krekt as by oare Europeeske nasjonale talen, in begjin makke mei it standardisearjen fan de grammatika en it gearstallen fan wurdboeken.
Yn 1635 waard de Académie française oprjochte. Dêrmei krige de steat Frankryk it foech oer it standardisearjen fan de Frânske taal. De 'Gouden Iuw' fan it Frânsk wie de 17e iuw, benammen troch literêre wurken fan Corneille, Racine en Molière. Yn de 18e iuw makke it Latyn yn wittenskiplike publikaasjes hieltyd mear romte foar it Frânsk, wat geunstich wurke op de helderheid en krektens fan de taal.
De moderne Frânske stavering ûntstie, krekt as de Ingelske, gruttendiels oan 'e ein fan de midsiuwen. Sûnt is de útspraak bot feroare, dat de skriuwwize komt faak net mear oerien mei de sprektaal. Hja ferdútst wol de talige sitewaasje fan de midsiuwen. Doe waarden alle einletters ek noch útsprutsen (filles waard útsprutsen sa't it skreaun waard), de ai en de oi noch wienen noch wide twilûden en de ou klonk mear as oow.
Tiidrekken
De histoaryske ûntwikkelingsfasen fan de Frânske taal wurde oanjûn mei trije tiidrekken:
Taalpriuwke
Universele Ferklearring fan de Rjochten fan de Minske:
“ | Ils sont doués de raison et de conscience et doivent agir les uns envers les autres dans un esprit de fraternité. |
” |
„Alle minsken wurde frij en gelyk yn weardigens en rjochten berne. Hja hawwe ferstân en gewisse meikrigen en hearre har foar inoar oer yn in geast fan bruorskip te hâlden en te dragen.“
Sjoch ek
Keppeling om utens
- Frânsk-Frysk Frânsk
Dizze taal hat syn eigen Wikipedy. Sjoch de Frânske ferzje. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
- Frânsk
- Oïlyske talen
- Frânsen
- Taal yn Frankryk
- Taal yn Andorra
- Taal yn Benyn
- Taal yn Boerkina Faso
- Taal yn Boerûndy
- Taal yn Belgje
- Taal yn Dzjibûty
- Taal yn Ekwatoriaal-Guinee
- Taal yn Fanûatû
- Taal yn it Fatikaan
- Taal yn de Feriene Steaten
- Taal yn Frânsk-Guyana
- Taal yn Frânsk-Polyneezje
- Taal yn Frânsk-Sint-Marten
- Taal yn de Frânske Súdlike en Antarktyske Lannen
- Taal yn Gabon
- Taal yn Gûadelûp
- Taal yn Guernsey
- Taal yn Guinee
- Taal yn Haïty
- Taal yn Yndia
- Taal yn Itaalje
- Taal yn Ivoarkust
- Taal yn Jersey
- Taal yn Kameroen
- Taal yn Kanada
- Taal yn de Komoaren
- Taal yn Kongo (Demokratyske Republyk)
- Taal yn Kongo (Republyk)
- Taal yn Laos
- Taal yn Libanon
- Taal yn Lúksemboarch
- Taal yn Madagaskar
- Taal yn Majot
- Taal yn Maly
- Taal yn Martinyk
- Taal yn Mauretaanje
- Taal yn Monako
- Taal yn Niger
- Taal yn Nij-Kaledoanje
- Taal yn Reünion
- Taal yn Rûanda
- Taal yn Senegal
- Taal yn de Seysjellen
- Taal yn Sint-Bartelemy
- Taal yn Sint-Pierre en Miquelon
- Taal yn de Sintraal-Afrikaanske Republyk
- Taal yn Switserlân
- Taal yn Togo
- Taal yn Tsjaad
- Taal yn Tuneezje
- Taal yn Wallis en Fûtûna