Springe nei ynhâld

Kebek (provinsje)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Quebec (provinsje))
Kebek
Québec
flagge wapen
Frânsk: Je me souviens ("It is my net fergetten")
lokaasje yn Kanada
algemien
ôfkoarting QC
lân Kanada
status (jier) provinsje (1867)
haadstêd Kebek
grutste stêd Montreal
offisjele taal Frânsk
sifers
ynwennertal 7.903.001 (2011)
befolkingstichtens 5,8 / km²
oerflak 1.542.056 km² (ynkl. wetter)
1.365.128 km² (allinnich lân)
bykommende ynformaasje
tiidsône UTC -5 & -4
webside www.gouv.qc.ca

Kebek (Frânsk: Québec, útspr.: [ke'bɛk]; Ingelsk: Quebec, útspr.: [kwǝ'bɛk] of [kǝ'bɛk]) is ien fan 'e tsien provinsjes fan Kanada, en de iennichste dêr't it Frânsk de dominante taal is. It leit yn it súdeastlike part fan it lân, en is wat oerflak oanbelanget de grutste provinsje, mei 15,4% fan it Kanadeeske grûngebiet (al moat it as de trije territoaria meirekkene wurde, Nûnavût foargean litte as it grutste gewest). Kebek is nei Ontario it befolkingsrykste diel fan Kanada. Sawol de grutste stêd fan 'e provinsje, Montreal, as de haadstêd, Kebek-Stêd, hearre ta de grutste stêden fan it lân. De provinsje heart ta de regio's Sintraal Kanada en Eastlik Kanada. Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2011 hie de provinsje Kebek doe rom 7,9 miljoen ynwenners, wat delkomt op 23,6% fan 'e totale Kanadeeske befolking.

De namme Kebek komt fan it wurd kébec, út 'e taal fan 'e lânseigen Algonkin-Yndianen, dat betsjut "dêr't de rivier tasmellet". Oarspronklik waard dêrmei ferwiisd nei de krite om 'e stêd Kebek hinne, dêr't de rivier de Saint Lawrence troch in rotskleau streamt. Yn 1608 keas de Frânske ûntdekkingsreizger Samuel de Champlain dy namme foar de koloniale foarpost dêr't er it bestjoer fan Nij-Frankryk fêstige. De provinsje waard letter ferneamd nei de stêd.

Kebek hat in oerflak fan 1.542.056 km², wêrfan't 1.365.128 km² út lân bestiet en 176.928 km² út wetter. De provinsje grinzget yn it westen oan 'e Kanadeeske provinsje Ontario, yn it súdeasten oan 'e provinsje Nij-Breunswyk en yn it noardeasten oan 'e regio Labrador, fan 'e provinsje Nijfûnlân en Labrador. It noardwesten en noarden wurdt omsletten troch de wetters fan 'e Jamesbaai, de Hudsonbaai, de Hudsonstrjitte en de Ungavabaai. Yn it easten leit de Saint Lawrencebaai, in diel fan 'e Atlantyske Oseaan. Yn it suden, ta einbeslút, wurdt de provinsje begrinzge troch de Feriene Steaten, om persiis te wêzen (fan west nei east) de steaten New York, Fermont, Nij-Hampshire en Maine.

De Michelwetterfallen, yn 'e rivier de Ashuapmushuan.

Kebek wurdt yn 'e regel opdield yn twa grutte geografyske regio's. Yn it suden leit it leechlân fan 'e rivier de Saint Lawrence, dat tichtbefolke is, en dêr't lânbou mooglik is. Dêr lizze de grutte stêden fan 'e provinsje, wêrûnder de haadstêd Kebek, Montreal en Gatineau. It Gaspé-skiereilân, besuden de mûning fan 'e Saint Lawrence, is mear in plattelânsgebiet, mar heart lykwols ta deselde geografyske krite. Noard-Kebek, dat it noardlike twatrêdepart fan 'e provinsje beslacht, is krekt in tige tinbefolke gebiet fan wâlden en rivieren, dêr't ek it heechste punt fan 'e provinsje leit, de 1.652 m hege Mount Caubvick (Frânsk: Mont d'Iberville), yn 'e Torngatbergen, oan 'e grins fan Labrador. De befolking fan Noard-Kebek bestiet foar in relatyf grut part út lânseigen groepen: Yndianen, Métis en Inûyt. It uterste noarden (dat lykwols noch in trêdepart fan 'e provinsje omfiemet) wurdt foarme troch de regio Nûnavik, dêr't suver inkeld Inûyt wenje.

Yn 'e sechstjinde iuw, doe't Jeropeeske ûntdekkingsreizgers foar it earst it hjoeddeiske Kebek oandiene, waard it gebiet bewenne troch de Inûyt (Inuit) yn it noarden; Algonkwynske folken yn it sintrale diel (Kry (Cree), Algonkin (Algonquin), Attikamek (Atikamekw), Montanjezen (Montagnais) en Naskapy (Naskapi)) en yn it súdeasten (Mikmak (Micmac) en Abenaky (Abenaki)); en Irokeeske folken (Saint Lawrence-Irokezen, Huroanen (Huron) en Mohauk (Mohawk)) yn it suden. De kust fan Kebek waard yn 1522-1523 foar it earst ferkend troch de Italjaanske ûntdekkingsreizger yn Frânske tsjinst Giovanni da Verrazzano. Yn 1534 wie Jacques Cartier de earste Jeropeaan dy't foet op Kanadeeske grûn sette op it Gaspé-skiereilân, dêr't er in krús plante en de hiele krite yn besit naam út namme fan 'e Frânske Kroan.

Yn 1608 waard der nei ferskate mislearrings in duorjende koloanje stifte troch Samuel de Champlain, yn 'e foarm fan in hannelspost foar de lukrative pelshannel. De Frânsen giene op dat mêd in ferbûn oan mei de Algonkwynske folken en de Huroanen, wat fierder nei it binnenlân ta letter slimme oarloggen tusken dy stammen en de Irokeeske Konfederaasje ta gefolch hie. Al rillegau begûnen Frânske voyageurs (ûntdekkingsreizgers) en coureurs des bois (pelsjagers en pelskeaplju) út 'e koloanje wei it efterlân te ferkennen, wêrby't se oan withoefolle lânskipseleminten har hjoeddeistige nammen joegen. De koloanje krige úteinlik de namme fan Nij-Frankryk, en nei 1627 mochten har der op befel fan kening Loadewyk XIII fan Frankryk inkeld noch roomsen fêstigje. Yn 1663 waard Nij-Frankryk troch in dekreet fan kening Loadewyk XIV in Frânske provinsje. De befolking fan it gebiet groeide stadich, en dat mear troch natuerlike befolkingsoanwaaks as troch ymmigraasje.

Tsjin 'e ein fan 'e santjinde iuw rekken de Ingelsen en de Frânsen yn in slepend konflikt ferwikkele oer de macht yn Noard-Amearika, dat pas yn 1763 einige, doe't Frankryk, oan 'e ein fan 'e Sânjierrige Oarloch, by de Frede fan Parys frijwol al syn besittings yn Noard-Amerika ôfstean moast oan Grut-Brittanje. Neitiid waard Nij-Frankryk omdoopt ta Kebek, dêr't fan 1774 oant 1791 ek súdlik Ontario ta hearde. Yn 1791 waard de Britske koloanje Kebek opdield yn twa ûnderskate lytsere koloanjes: Neder-Kanada (it hjoeddeiske Kebek) en Opper-Kanada (súdlik Ontario). Yn 1809 waard Labrador losmakke fan Neder-Kanada (dêr't it foartiid altyd ta heart hie) en by Nijfûnlân foege. It presize ferrin fan 'e grins tusken Kebek en Labrador waard einlings yn 1927 fêstlein. Oant fier yn 'e tweintichste iuw makke it provinsjaal regear fan Kebek noch oanspraak op Labrador, en de grins fan 1927 is troch Kebek noch altyd net planút erkend.

Utsjoch oer de rivier de Jacques Cartier en de omlizzende delling.

It eigenmachtige Britske bestjoer oer Neder-Kanada, dat iepentlik de assimilaasje fan 'e Frânsktalige befolking fan it gebiet yn in gruttere Ingelsktalige kultuer foarstie, late yn 1837-1838 ta in wapene rebûlje ûnder de Frânsktaligen, dy't bekend kaam te stean as de Nederkanadeeske Opstân. Dêrby rôpen de opstannelingen, ûnder lieding fan Louis-Joseph Papineau Neder-Kanada yn 1838 út ta in ûnôfhinklike steat. De Britske autoriteiten, dy't dit barren alhiel oer it mad kaam, hiene der yn 't earstoan klauwen oan om 'e rebûlje del te slaan, temear om't yn dyselde snuorje ek yn Opper-Kanada in opstân útbriek. Mar nei in oerwinning foar de Nederkanadezen yn 'e Slach by Saint-Denis, waard der dochs frij flot mei har ôfweefd. Neitiid besleat it koloniale gesach om Opper- en Neder-Kanada wer gear te foegjen, mei as doel om 'e assimilaasje fan 'e Frânsk-Kanadezen flugger gean te litten.

Sadwaande ûntstie yn 1840 de koloanje Kanada. It earder Neder-Kanada (Kebek) kaam no bekend te stean as Kanada-East, wylst súdlik Ontario de namme Kanada-West krige. It koloniale bestjoer waard fêstige yn Kingston. Yn 1851 stribbe Kanada-West kwa ynwennertal Kanada-East foarby, wêrmei't de Ingelsktaligen yn Kanada foargoed yn 'e mearderheid kamen. Lykwols holden de Ingelsk- en Frânsktalige folksfertsjintwurdigers yn it koloniale parlemint inoar yn lykwicht, wat gauris ta in ympasse late. Under de Amerikaanske Boargeroarloch (1861-1865) stipen de Britten tuike-tuike de Súdlike Konfederaasje, dat doe't úteinlik it Noarden de striid wûn, ûntstie der eangst foar in Amerikaanske ynfaazje fan Kanada, krekt sa't dat yn 1813 foarkommen wie. Sadwaande besleaten de Britten al harren Noardamerikaanske koloanjes yn ien steatsferbân te ferienjen, en kaam yn 1867 it dominion Kanada ta stân, mei as lidsteaten de eardere koloanjes Nij-Skotlân en Nij-Breunswyk en de wer opspjalten provinsjes Ontario en Kebek.

Winter yn Montreal.

Under de Earste Wrâldoarloch waard de Kanadeeske dielname oan 'e striid yn Ingelsktalich Kanada, alteast yn 't earstoan, frij algemien stipe. Yn Kebek wie dy lykwols rare ympopulêr, en late er ta de Tsjinstplichtkrisis fan 1917, dy't dúdlik de tsjinstellings tusken de Angelsaksyske Kanadezen en de Frânsk-Kanadezen bleatlei. In werhelling fan setten fûn plak ûnder de Twadde Wrâldoarloch, mei de Tsjinstplichtkrisis fan 1944. Nei 1945 waard de Kebekaanske provinsjale polityk lange tiid dominearre troch de konservative Nasjonale Uny (UA) fan Maurice Duplessis, dy't de stipe hie fan 'e Roomsk-Katolike Tsjerke. Under it regear fan 'e Kebekaanske Liberale Partij (PLQ) fûn yn 'e sechstiger jierren en de earste helte fan 'e santiger jierren de saneamde Stille Revolúsje plak, wêrby't de provinsje op yngeande wize maatskiplike en politike feroarings ûndergie. Yn dy snuorje ferlearen oan 'e iene kant de Angelsaksyske Kebekanen harren dominante ekonomyske posysje, wylst oan 'e oare kant de Roomsk-Katolike Tsjerke syn ynfloed oer de Frânsktaligen fierhinne kwytrekke. Ek waarden grutte hydro-elektryske projekten opsetten, lykas it ferneamde Hydro-Québec.

Op polityk mêd oppenearre him fan 1963 ôf it Kebekaanske Befrijingsfront (FLQ), dat in tsienjierrige kampanje fan nasjonalistyske propaganda en terroristyske oanslaggen lansearre, dy't resultearren yn teminsten fiif deaden. Fanôf de ein fan 'e jierren sechtich utere him in mear moderearre foarm fan Kebekaansk nasjonalisme yn 'e groeiende oanhing fan 'e Kebekaanske Partij (Parti Québécois, PQ), dy't úteinlik nei de ferkiezings fan 1976 foar it earst oan 'e macht kaam. Sûnt hat dy partij seis fan 'e provinsjale ministers-presidinten levere, tsjin 'e liberale PLQ fjouwer. Yn 1877 waard troch it earste PQ-regear it Frânsk ta de iennichste offisjele taal fan Kebek ferklearre.

Teffens stjoerde de PQ oan op ûnôfhinklikheid foar Kebek, wat sûnt altyd in hjit hingizer bleaun is yn 'e Kanadeeske polityk. Yn 1980 waard oer de ûnôfhinklikheidskwestje in referindum holden, mar stimde 60% fan 'e Kebekaanske befolking foar behâld fan 'e bân mei Kanada. Nei dy nederlaach moast de PQ-minister-presidint fan Kebek, René Lévesque, nei de federale haadstêd Ottawa om oer feroarings oan 'e Kanadeeske Grûnwet te ûnderhanneljen, mar dat rûn al rillegau út op in ympasse, en Kebek is de iennichste provinsje dy't noch altyd net akkoart gien is mei de oanpassing (patriation) fan 'e grûnwet fan 1982.

De sit fan it provinsjale parlemint, yn Kebek-Stêd.

Yn lettere jierren waard der twaris besocht om 'e ympasse te trochbrekken. Earst wie der it saneamde Akkoart fan Meech Lake, fan 1987, dat úteinlik yn 1990 op neat útrûn troch wjerstân fan Manitoba en Nijfûnlân en Labrador. Fan gefolgen waard doe it Kebekaansk Blok (Bloc Québécois, BQ) oprjochte as federale partij, om 'e Kebekaanske belangen yn it Kanadeeske parlemint yn Ottawa te behertigjen. Neitiid waard yn 1992 nochris in kompromis prebearre mei it Akkoart fan Charlottetown, mar ek dat rûn op neat út. By in twadde referindum oer ûnôfhinklikheid, yn 1995, boekte it nee-kamp in nipte oerwinning, mei 50,6% tsjin 49,4% fan 'e stimmen. Yn 2014 kundige de PQ in nij referindum oer de kwestje oan as hja de ferkiezings wûn, mar doe't dy ferlern waarden, wie in trêde referindum foarearst fan 'e baan.

Bestjoer en polityk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Kebek hat in ienkeamerich provinsjaal parlemint mei 125 sitten (oant 1968 wie it in twakeamerige folksfertsjintwurdiging). De parlemintsleden fertsjintwurdigje har eigen kiesdistrikt, dêr't se by de ferkiezings op persoanlike titel de mearderheid fan 'e stimmen helle hawwe (krekt itselde kiesstelsel as yn Grut-Brittanje). De provinsje wurdt regearre troch in eigen regear mei oan it haad in minister-presidint. Yn Kanada is it trouwens wenst (mar gjin wet) dat de minister-presidinten fan 'e ûnderskate provinsjes oantsjut wurde as premier, wylst de federale minister-presidint de prime minister is. Yn it federale Kanadeeske parlemint yn Ottawa wurdt Kebek yn 'e Senaat fertsjintwurdige troch 24 fan 105 sitten (22,9%), en yn it Legerhûs troch 75 fan 308 sitten (24,4%).

List fan ministers-presidinten fan Kebek sûnt 1867

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]


Montreal, de grutste stêd fan 'e provinsje.

Foar de ekonomy fan Kebek hawwe mynbou en swiere yndustry lang guon fan 'e wichtichste pylders west, wylst yn 'e sintrale en noardlike dielen fan 'e provinsje de papieryndustry al hiel lang foar master opslacht. Sûnt de tachtiger jierren binne lykwols foar Kebek as gehiel de fleantúchbou, ynformaasje- en kommunikaasjetechnology en de farmaseutyske yndustry hieltyd belangriker wurden. Njonken de yndustry is benammen de tsjinstesektor fan belang, wylst de ienris sa wichtige lânbou no net folle mear ynbringt. Al dy sektoaren hawwe meiholpen om fan Kebek in op ekonomysk mêd tige ynfloedrike provinsje fan Kanada te meitsjen, dy't allinne mar ûnderdocht foar Ontario. De Kebekaanske ekonomy is goed foar 20,4% fan it Kanadeeske bruto nasjonaal produkt.

Neffens de Kanadeeske folkstelling fan 2011 hie Kebek doe 7.903.001 ynwenners, wat in taname fan 4,7% is neffens 2006. De befolkingstichtens wie yn 2011 5,8 minsken de km². De grutte mearderheid fan 'e ynwenners fan Kebek, by de 78% om, is fan Frânsk-Kanadeesk of Frânsk etnysk komôf. Op 30 oktober 2003 naam it provinsjaal parlemint fan Kebek unanym in moasje oan dy't befêstige "dat it folk fan Kebek in naasje foarmet." Op 27 novimber 2006 naam it Kanadeeske Legerhûs op inisjatyf fan federaal minister-presidint Stephen Harper in moasje oan wêryn't ferklearre waard "dat dit Hûs erkent dat de Kebekanen in naasje foarmje binnen in feriene Kanada." Der is lykwols sûnt hiel wat diskusje fierd oer wat dy moaie wurden no eins ynhâlde.

De snie-ûle, de offisjele provinsjale fûgel fan Kebek.

Oare wichtige befolkingsgroepen binne Ieren (5,5%), Italjanen (4%), Ingelsen (3,3%), Skotten (2,7%) en Dútsers (1,8%). De Ingelsen, Skotten en Ieren foarmje mei-inoar it grutste part fan 'e Ingelsktalige minderheid, dy't likernôch 7,7% fan 'e befolking útmakket. Fierders bestiet likernôch 9% fan 'e befolking út net-Westerske minderheden, dy't frijwol allegear yn Montreal en omkriten wenje. De lânseigen befolking is goed foar 1,5% fan 'e ynwenners fan Kebek (sa'n 108.000 minsken, mei dêrûnder 65.000 Yndianen, 28.000 Métis, 11.000 Inûyt en 4.000 lju dy't ta mear as ien fan dy groepen hearre). Dêrby moat trouwens oantekene wurde dat dizze sifers fiersten te leech binne, mei't guon fan 'e grutste Yndiaanske stammen yn Kebek wegerje om mei te dwaan oan Kanadeeske folkstellings, om't se harsels soeverein achtsje en har net as ûnderdiel fan Kanada beskôgje. Benammen de grutte reservaten fan 'e Mohauk (Kahnawake, Akwesasne en Kanesatake) binne net meiteld.

Op it mêd fan godstsjinst bestiet 90,3% fan 'e befolking fan Kebek út kristenen. De provinsje is unyk yn Kanada om't de roomsen der fierwei yn 'e mearderheid binne, mei 83,2% fan 'e befolking. Oare kristlike groepen binne de protestanten (5,5%), de eastersk-otterdoksen en oriïntaalsk-otterdoksen (1,4%) en de eastersk-katoliken (0,2%). Ateïsten en agnosten foarmje mar 5,8% fan 'e befolking. Oare godstsjinsten binne, yn folchoarder fan grutte: de islaam (1,5%); it joadendom (1,3%); it boedisme (0,6%); it hindoeïsme (0,3%) en it sikhisme (0,1%).

De Fleurdelisé, grutsk symboal fan 'e Kebekaanske identiteit.

Kebek rint der mank de Kanadeeske provinsjes út mei't it it as iennichste Kanadeeske gewest (sûnt 1977) inkeld it Frânsk as offisjele taal hat, al binne der foar it Ingelsk beskate rjochten fêstlein yn 'e Kanadeeske Grûnwet dêr't ek Kebek him oan hâlde moat. Al sûnt minskewitten wurdt der yn Kebek in fûleindigen taalstriid fierd, wêrby't de Frânsktaligen har ferfheftich fersette tsjin eltse ynbrek op har rjochten. Op it mêd fan taal wurdt de befolking fan 'e provinsje oer it algemien yn trije groepen ferdield: de Frânsktaligen of Kebekanen (78%); de Ingelsktaligen of Angelsaksyske Kebekanen (7,7%); en de oarstaligen (14,3%). Fan alle ynwenners fan Kebek joech yn 2011 80,0% oan dat se yn it deistich bestean meast Frânsk sprieken, wylst 94,4% sei dat se it Frânsk machtich wiene. Lykwols rapportearre minder as de helte fan 'e ynwenners fan Kebek, 47,3%, dat se Ingelsk sprekke koene.

De grutste groepen fan 'e oarstaligen binne Arabysksprekkers (2%), Spaansktaligen (1,8%) en Italjaansktaligen (1,6%). Dêrnei folgje de sprekkers fan it Haïtiaansk-Kreoalsk, Sineesk, Gryksk, Portegeesk, Roemeensk, Fjetnameesk en Russysk. Sprekkers fan lânseigen talen foarmje mei-inoar 2% fan 'e befolking. De taalstriid yn Kebek hat ek foar in djippe kleau soarge tusken de lânseigen folken ûnderling. De measte Métis en Yndiaanske folken as de Abenaky, Huroanen, Montanjezen en Naskapy sprekke Frânsk as har earste of twadde taal, wylst de Inûyt, Kry, Mikmak en Mohauk krekt Ingelsk as earste of twadde taal hawwe.

Kebek hat fjouwer ûnderskate klimaatsônes. Yn it suden en westen fan 'e provinsje, dêr't de wichtichste befolkingssintra lizze, hearsket in fochtich lânklimaat mei fjouwer dúdlik faninoar te ûnderskieden jiertiden, waarme en soms hjitte, neare simmers en faak tige kâlde, snieïge winters. Op it Gaspé-skiereilân en oan 'e mûning fan 'e rivier de Saint Lawrence soarget de bedimjende ynfloed fan 'e Atlantyske Oseaan foar in seeklimaat, wêrby't de simmers minder waarm en de winters minder kâld binne. It grutste part fan sintraal Kebek hat in toendraklimaat, mei lange, tige kâlde en snieïge winters, wylst de simmers der waarm mar koart binne. De noardpunt fan Kebek, ta einsluten, hat in poalklimaat mei tige lange, tige kâlde winters en hiel koarte, frij koele simmers.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


 
               Kanada
Flagge fan Kanada
provinsjes
Alberta • Britsk-Kolumbia • Kebek • Manitoba • Nijfûnlân en Labrador • Nij-Breunswyk • Nij-Skotlân • Ontario • Prins Edwardeilân • Saskatchewan
territoaria
Yukon • Noardwestlike Territoaria • Nûnavût
· · Berjocht bewurkje