Springe nei ynhâld

Phnom Penh

Ut Wikipedy
Phnom Penh ភ្នំពេញ
Bestjoer
Lân Kambodja
Provinsje Phnom Penh
Sifers
Ynwennertal 2.234.566 (2011)
Oerflak km²
Befolkingsticht. 3293,6 / km²
Hichte 11,89 m
Oar
Stifting -1372
-haadstêd 1865
Tiidsône Kambodja (UTC+7)
Offisjele webside
Webside Phnom Penh, ek (in)
Lizzing Phnom Penh yn Kambodja

Phnom Penh is de haadstêd fan Kambodja. De stêd leit yn it súdeasten fan it lân op it plak dêr't de rivieren de Mekong en de Tonlé Saprivier yn elkoar oergeane. De rivier de Bassac splitst him dêr fan de Mekong ôf. De metropoal Phnom Penh wenje goed 2 miljoen fan de goed 14 miljoen Kambodjanen.

De namme Phnom Penh

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Phnom Penh betsjut de 'hichte fan Pen'. Neffens de oerlevering soe in frou mei de namme Pen fjouwer Boedabylden fûn hawwe dy't troch de Mekong oanspield wienen. Pen smiet doe in hichte op dêr't sy de bylden yn in timpeltsje op sette. Dat gebedsplak bestiet noch en hjit Wat Phnom Daun Penh (better bekend as de Wat Phnom of Hichtetimpel).

Pnom-Pen waard foar it earst haadstêd fan Kambodja neidat kening Ponhea Yat fan it Khmer-ryk út Angkor Thom flechte, neidat it troch it keninkryk Ayutthaya yn 1431 oermastere waard. Der binne ek liginden dy't ferhelje hoe't Phnom Penh stifte waard yn de 17e iuw troch Japanske ymmigranten dy't har yn de omkriten festige hienen. Phnom Penh bleau in keninklike stêd fan 1432 oant 1505. Fan 1505 oant 1865 wie it gjin haadstêd. Striid tusken troangadingmakkers wie dêr de oarsaak fan; lettere keningen hienen harren hof yn oare stêden.

Keninklike haadstêd, de pearl fan Aazje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It duorre oant 1866, ûnder it bewâld fan kening Norodom I, eardat it regear him foar altyd yn Phnom Penh festigje soe. Earst doe waard ek it keninklik paleis (foto) boud en letter dêrneist de Sulveren Pagode. Dat wie teffens de oanset ta de groei fan Phnom Penh. De Frânsen leine in protte kanalen oan foar de ôfwettering fan de sompen om de stêd hinne en makken in haven.

Tsjin de jierren 20 fan de 20e iuw stie Pnom-Pen bekend as ien fan de moaiste koloniale stêden yn de wrâld, de Pearel fan Aazje. Mei troch it oanlizzen fan it spoar (nei Sihanoukville) en de lofthaven Pochentong waard de stêd hieltyd grutter.

Oarloch en terreur

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de Fietnamkriich waard der ek in soad fjochte yn Kambodja. De Feriene Steaten bombardearren it plattelân, dat in protte minsken flechten nei de stêd.

Yn 1975 berûn de befolking al goed 2.000.000. Op 17 april, it Kambodjaanske nijjier, foel de stêd en waard sy beset troch striders fan de Reade Kmer. De bewenners waarden twong om yn in pear dagen de stêd te ferlitten. Sy waarden nei buorkerijen op it plattelân stjoerd om nije minsken te wurden (hiel Kambodja moast in folslein agraryske ekonomy wurde). De Tuol Svay Prey-hegeskoalle waard troch Pol Pot syn minsken feroare yn in de finzenis Tuol Sleng (S-21), dêr't minsken ek tramtaerre en deadien waarden. Dy finzenis is no it Tuol Sleng Museum en leit mei Choeung Ek, 15 kilometer bûten de stêd, in oantinken oan dejingen dy't fermoarde binne troch de Reade Kmer.

Begjin 1979 waarden de Reade Kmer troch de Fietnamezen (de histoaryske fijân fan de Kambodjanen!) út Pnom-Pen ferdreaun. De minsken gienen doe werom nei har huzen yn de stêd. Der begûn in perioade fan opbou dy't stadich úteinsette koe troch de politike ynstabiliteit yn it lân. Om 1998 hinne hie Pnom-Pen in befolking fan 862.000 ynwenners.

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Paviljoen fan Keninklik paleis yn Pnom-Pen