Springe nei ynhâld

Barend Leonardus Hendriks

Ut Wikipedy
Barend Leonardus Hendriks
keunstner
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit flagge fan Nederlân Nederlânsk
berne 8 desimber 1830
berteplak Arnhim
stoarn 6 april 1899 (68 jier)
stjerplak Arnhim
wurkpaad
wurksum as Skilder, tekener
jierren aktyf om 1845-1899
offisjele webside
Profyl RKD

Barend Leonardus Hendriks (Arnhim, 8 desimber 1830 – dêre, 6 april 1899) wie in Nederlânsk keunstskilder en tekener. Hy wie ek keunstsamler.

Hendriks wie in soan fan ferver Jurrien Hendriks en Hendrina de Roos. Ynearsten soe er lykas syn heit ek ferver wurde. Hy folge lessen by it Genootschap Kunstoefening en gie nei Brussel om him ta te lizzen op it hout- en moarmerskilderjen. Dêrnei studearre er in skoft oan de Keninklike Akademy fan Byldzjende Keunsten yn De Haach en de Ryksakademy yn Amsterdam.[1] Hendriks wie in learling fan Simon van den Berg. Fan 1856 ôf wenne er wer yn Arnhim. Hy waard dêr learaar oan tekenskoalle Kunstoefening, joech les oan Piet Meiners, syn omkesizzers Jurrien en Elisabeth Hendriks (bern fan syn broer, de marineskilder Cornelis Hendriks) en faaks ek Anna Abrahams.

Hendriks wie yn 't foarste plak portretskilder; hy liet sa'n 300 portretten nei. Dêrneist skildere er lânskippen en ynterieurs en makke lito's.[1] Hy eksposearre mear as ien kear en die ûnder mear mei oan de tentoonstelling van Levende Meesters yn De Haach en Amsterdam.[2] Hendriks hie in keunstsamling dy't nei syn dea oan de kolleksje fan Alexander Ver Huell taheakke waard, dêr't it Museum Arnhim út ûntstie. It Ryksmuseum Amsterdam, Museum De Lakenhal yn Leien en noch oare museums hawwe syn wurk yn de kolleksje.

Hendriks stoar yn de âldens fan 68 jier.

In karút:

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 1,0 1,1 Scheen, Pieter A. (1969) Lexicon Nederlandse Beeldende Kunstenaars 1750-1950. De Haach: Kunsthandel Pieter A. Scheen N.V. Volume 1, s. 459.
  2. RKD