Kalligrafy
Kalligrafy (út it Gryksk: καλός, moai en γράφειν, skriuwe) is de keunst fan it moaiskriuwen. Yn Sina en Japan wurdt Sineeske kalligrafy noch altyd heech wurdearre, en yn islamityske kultueren besteane tal fan kalligrafearre ferzjes fan de Koran en wurde kalligrafearre spreuken út de Koran faak yn kleden ferwurke of oan it lewant hongen.
Yn Jeropa wurdt it kalligrafearjen yn ’t earstoan dien troch slaven Romeinske Ryk, letter nei it trochbrekken fan it kristendom troch muontsen yn kleasters. Yn de lettere midsiuwen ûntstiene gilden foar kalligrafen en ferluftigers (hja makken fersierings by it letterwurk). Der binne ferskate stylsoarten yn de kalligrafy: Goatysk, Romaansk, Karolysk, Beneventaansk ensfh.
Nei de útfining fan de boekprintkeunst rekken dy beroppen linkendewei út de tiid. Sûnt 1850 kaam de kalligrafy fannijs yn de belangstelling. Earst as leafhawwerij, mar geandewei ûntjoech de kalligrafy him as keunstfoarm.
Faak wurdt by it kalligrafearjen in ‘brede pinne’ brûkt, in pinne dy’t yn dwerse rjochting in smelle, mar yn lingterjochting in brede streek jout. De brede pinne is ôflaat fan de foarm fan de reidpinne (brûkt op papyrus oant sawat 300 nei Kr.) en de guozzefear (brûkt op perkamint en vellum, fan sawat 300) dy’t in ferlykber skriuwgedrach hat, mar folle faker yn de inket doopt wurde moat en dêr’t de line mear fan fariearret neigeraden de hoemannichte inket dy’t der noch op sit. Tsjintwurdich wurdt de lûkpinne ek wol as skriuwark brûkt. In soad brûkte inketsoarten binne East-Ynjeske inket en ljochtechte pigmintearre inkten dy’t wetterfêst opdrûgje.
Lettertypen dy’t in soad troch kalligrafen brûkt wurde, binne: de Romeinske kapitaal, de midsiuwske unkiaal, de Karolingyske minuskel (en de goatyske farianten dêrfan), de kursyf (italic) en it kânselderijskrift.
Yn Nederlân binne de wichtichste (histoaryske) kolleksjes op it mêd fan de kalligrafy te finen yn de Keninklike Bibleteek yn Den Haach en yn de bibleteek fan de Universiteit fan Amsterdam. De Universtiteitsbibleteek fan Amsterdam beheart ek it Skriftmuseum J.A. Dortmund.
Oan de Haachske Keninklike Akademy fan Byldzjende Keunsten is it skriuwen in wêzentlik ûnderdiel fan de oplieding ta letterûntwerper. De folge metoade is stal jûn troch Gerrit Noordzij.
In tapaste foarm fan kalligrafy is tekenteltsjebelettering.
De Sineeske kalligrafy stiet sûnt 2009 neamd op de list fan masterwurken fan it orale en ymmateriële erfguod fan it minskdom fan UNESCO.
Literatuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Fons van der Linden, Over letters & schrift en de beginselen van het schrijven (1983)
- Karina Meister, Kalligrafie: een persoonlijke visie (1989)
- Frank E. Blokland, Kalligraferen: de kunst van het schoonschrijven (1990)
- Ton Croiset van Uchelen, Vive la plume: schrijfmeesters en pennekunst in de Republiek (2005). Utjûn foar de tentoanstelling Pennekunst. Vier eeuwen schoonschrijven in Nederland, hâlden yn de UB Amsterdam fan 23 septimber o/m 23 desimber 2005
- Gerrit Noordzij, The stroke: theory of writing (2005)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|