Praach
Praach Praha | ||
Bestjoer | ||
Lân | Tsjechje | |
Regio (kraj) | Praach | |
Distrik (okres) | Praach | |
Boargemaster | Adriana Krnácová (ANO) | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 1.243.201 (2014) | |
Oerflak | 496 km² | |
Hichte | 177 - 399 m | |
Oar | ||
Stifting | om 885 | |
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 50° 05' N, 14° 25' E | |
Offisjele webside | ||
www.praha.eu |
Praach (Tsjechysk: Praha) is de haadstêd en grutste stêd fan Tsjechje en leit oan rivier de Moldau (Tsjechysk: Vltava). Yn 2005 hat de stêd 1.181.610 ynwenners en in oerflak fan 496 km².
De universiteit fan Praach, de Karlsuniversiteit, is stifte yn 1348 troch kening Karl IV en is de âldste universiteit fan Sintraal-Europa benoarden de Alpen en beëasten de Ryn. Sûnt 1992 stiet it âlde stêdssintrum op de UNESCO-wrâlderfgoedlist.
Praach leit yn de histoaryske regio Bohemen, dat tegearre mei Moraavje Tsjechje foarmet. Bohemen wie eartiids in keninkryk, mar troch ferskate houliken mei Habsburchske foarsten waard it lân yn 1526 part fan de Habsburchske dynasty. Tagelyk waard Bohemen in Eastenrykske provinsje dat ta gefolch hie dat Praach Dútsktalich waard. Ferneamde Dútsktalige skriuwers en dichters, lykas Franz Kafka en Rainer Maria Rilke, binne hikke en tein yn Praach.
Hjoed-de-dei is Praach benammen om syn ferskate boustilen in nijsgjirrich plak foar toeristen.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Praach waard stifte yn de 9e iuw.
- 973, oprjochting Bisdom fan Praach.
- 1784, gearfoeging fan de Alde stêd, Nijstêd, Malá Strana en Hradčany.
- 1918, Tsjechoslowakije wurdt ûnôfhinklik mei Praach as haadstêd.
- 1968, Praachske maitiid.
- 1993, Praach wurdt haadstêd fan Tsjechje.
- 2002, oerstreaming fan rivier de Moldau.
Transport
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ruzyně International Airport leit oan de westside fan de stêd. Om troch de stêd te reizgjen is der in goed netwurk fan trams, bussen en metro's. De trije metrolinen (A-grien, B-giel, C-read) kruse inoar yn it sintrum fan de stêd. Der binne mooglikheden om deikaarten of wykeinkaarten te keapjen foar tram, bus en metro.