Springe nei ynhâld

Stifting

Ut Wikipedy

In stifting of stichting, of ek wol in fûns, is in organisaasje dy't oprjochte is om in beskaat doel te ferwêzentlikjen. In stifting mei wol winst meitsje, mar de útkearing fan dy winst kin net inkeld foar de ferriking fan 'e oprjochters fan 'e stifting wêze, mar moat in ideëel of sosjaal doel ûnderstypje. Stiftings hawwe gjin leden.

Under de Nederlânske wet is in stifting in rjochtspersoan dy't oprjochte wurdt by notariële akte, troch ien of mear natuerlike persoanen en/of oare rjochtspersoanen. Men kin ek testamintsje foar de oprjochting fan in stifting nei jins eigen dea. Stiftings hawwe ornaris in bestjoer dat bestiet út in foarsitter, in siktaris en in skathâlder. Sa'n bestjoer is it iennichste ferplichte orgaan fan in stifting, mar dêrnjonken kin der ek noch in ried fan tafersjoch oansteld wurde, dy't tasjocht op it deistich bestjoer dat útfierd wurdt troch de bestjoerskommisje.

Yn 'e statuten fan in stifting moat teminsten fernijd wurde:

  • de namme (wêrfan't it wurd "stifting" diel útmeitsje moat);
  • it doel (wat net wêze kin it ferrykjen fan 'e oprjochters troch it dwaan fan winstútkearings);
  • de manier fan beneaming en ûntslach fan 'e leden fan it bestjoer;
  • de Nederlânske gemeente wêryn't de stifting fêstige is;
  • wat der mei it oerskot fan in eventuële winst nei ferrekkening mei de makke kosten barre moat foar it gefal dat de stifting ûntbûn wurdt.

Foar it wizigjen fan 'e statuten is ek in gong nei de notaris fereaske. Salang't de stifting net ynskreaun is yn it hannelsregister by de Keamer fan Keaphannel is eltse bestjoerder persoanlik wetlik oanspraaklik. De leden fan in stiftingsbestjoer binne net yn tsjinst fan 'e stifting, mar in stifting kin wol oare wurknimmers hawwe. Oars as in feriening, hat in stifting lykwols gjin leden. Wol kin in stifting donateurs hawwe, mar dy hawwe gjin sizzenskip oer hoe't de organisaasje bestjoerd wurdt.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Bronnen, op dizze side.