Springe nei ynhâld

Swahily (folk)

Ut Wikipedy
Swahily
Waswahili

Ferneamde Swahily; bopp. rige f.l.n.rj.: Najib Balala, Ali Hassan Mwinyi, Abeid Karume; 2e rige: Ali Mazrui, Zakia Meghji, Amani Abeid Karume; 3e rige: Salim Ahmed Salim, Tippu Tip, Seif Sharif Hamad.
flagge
populaasje
oantal 2.000.000 (2009)
taal Swahily
godstsjinst islaam
erkenning
steatsdragend folk Tanzania:
   ● Republyk Sansibar
erkende minderheid gjin spesifike erkenning
fersprieding
Tanzania: 1.600.000
Somaalje:    164.000
Kenia:    111.000
Omaan:      22.000
Mozambyk:      10.000
oare lannen:    100.000

De Swahily (Swahily: Waswahili) foarmje in etnyske groep dy't yn East-Afrika oan 'e kusten fan 'e Yndyske Oseaan wennet. Harren heitelân, de saneamde Swahilykust, omfiemet de kustgebieten fan Kenia en Tanzania (mei yn 't bysûnder Sansibar), it súdeasten fan Somaalje en it noardeasten fan Mozambyk. De taal fan 'e Swahily, dy't ek Swahily hjit, is in Bantoe-taal fan 'e Niger-Kongoleeske taalfamylje, dy't sûnt de koloniale tiid yn East-Afrika rûnom brûkt wurdt as lingua franca, en sadwaande in offisjele status hat yn Tanzania, Kenia en Oeganda. Neffens gegevens út 2007 wiene der doe sa'n 2 miljoen etnyske Swahily.

De namme 'Swahily' komt fan 'e meartalsfoarm sawāḥil (سواحل), fan it Arabyske sāḥil (ساحل), in eigenskipswurd foar "grins" of "kust" (bygelyks yn gearstallings, lykas yn dit gefal as 'kustbewenners'). Ut ditselde wurd komt ek de namme Sahel fuort, foar de oergong fan it gebiet dêr't lânbou mooglik is nei de woastyngrûn fan 'e Sahara. Yn it Swahily wurdt oan 'e namme Swahili it foarheaksel Wa- tafoege om oan te jaan dat it om in folk giet.

Swahily-tekst op in houten doar yn Mombasa.

Fierwei de measte Swahily libje yn Tanzania, dêr't se de steatsdragende naasje foarmje yn 'e autonome republyk Sansibar. Dêr meitsje se mei sa'n 1,2 miljoen minsken likernôch 92% fan 'e befolking út. Op it fêstelân fan Tanzania, it âlde Tanganjika, libje by de kust fan 'e Yndyske Oseaan lâns en yn 'e grutte metropoal Dar es Salaam nochris sa'n 400.000 Swahily. Neffens de Keniaanske folkstelling fan 2009 wennen der doe krapoan 111.000 etnyske Swahily oan 'e Keniaanske kust, wylst der yn 1998 oan 'e súdeastkust fan Somaalje 164.000 Swahily teld waarden. Fierders wenje yn it uterste noardeasten fan Mozambyk neffens in telling út 2006 noch sa'n 10.000 Swahily. Yn Omaan wenje likernôch 22.000 lju dy't alteast foar in diel de Swahily-etnisiteit hawwe, wêrby't it foar it meastepart giet om ôfstammelingen fan 'e lju dy't út Sansibar wei dêrhinne repatriëarre binne nei de fal fan it Sansibareeske sultanaat, yn jannewaris 1964. As men dêrby opteld de Swahily om utens, bygelyks yn 'e Feriene Steaten, Grut-Brittanje en op it Arabysk Skiereilân, komt men yn totaal út sa'n 2 miljoen minsken.

De Swahily komme fuort út 'e oarspronklike Bantoe-befolking fan 'e Eastafrikaanske kust, en hawwe dy krite teminsten al sûnt de twadde iuw n.Kr. bewenne. Oarspronklik wiene hja fiskerlju dy't inkeld de kust fan it fêstelân bewennen, mar troch it yngeande kontakt dat hja hiene mei de bewenners fan 'e eilannen, lykas Sânsbibar, Pemba en de Bajuni-eilannen, waarden de oarspronklike bewenners fan dy gebieten stadichoan ta Swahily assimilearre. Itselde barde fan 'e sechsde iuw ôf mei de bewenners fan 'e kust fan it fêstelân oant yn Somaalje.

Yn 'e Midsiuwen fêstigen har boeren út Omaan op 'e Sansibareilannen, dy't dêr krûdnagels begûnen te ferbouwen en de islaam der brochten. De Swahily ûntjoegen har ta kundige seelju en keaplju, en stadichoan naam de hannel ta, om tusken de tolfde en fyftjinde iuw syn hichtepunt te berikken. Sansibar, Mombasa, Dar es Salaam en oare plakken groeiden út ta machtige stêdsteaten, dy't in wichtige en ynfloedrike rol spilen as tuskenhannelers tusken it binnenlân fan East-Afrika en Súdlik Afrika oan 'e iene kant en Araabje, Perzje en Ynje oan 'e oare kant, oant sels Sina ta. Sineesk ierdewurk en Arabyske kralen binne by archeologyske opgravings weromfûn yn 'e ruïnes fan Grut-Simbabwe, dy't dêr sûnder mis fia de Swahilykust bedarre binne.

Tsjin 'e ein fan 'e Midsiuwen ûntwikkelen de slavehannel en de hannel yn ivoar har ta de wichtichste boarnen fan ynkomsten foar de Swahilykust. Nei't de Portegezen omtrint 1525 it hiele kustgebiet ûnderwurpen hienen, waarden withoefolle finzen nommen lju út it binnenlân fan Afrika op 'e slavemerken fan Sansibar of Mombasa oan harren ferkocht, om sa úteinlik op 'e plantaazjes fan Brazylje te bedarjen, dat doedestiden ek in Portegeeske koloanje wie. Fan 'e midden fan 'e sechstjinde iuw ôf kaam de Portegeeske hearskippij oer de Swahilykust almar mear ûnder fjoer te lizzen fan 'e Omaanske Arabieren, dy't de Portegezen oan it begjin fan 'e achttjinde iuw út it gebiet wisten te ferdriuwen.

It âlde kastiel fan Sansibar.

Om 1800 hinne hiene de Omany harren macht oer Sansibar konsolidearre, dat doe fierwei it wichtichste kommersjele sintrum fan East-Afrika wurden wie. Tsjin 'e midden fan 'e njoggentjinde iuw wie Sansibar útgroeid ta wrâlds grutste produsint fan krûdnagels en de grutste slavemerk fan Afrika, dêr't jiers 50.000 negerslaven ferhannele waarden, foar in grut part nei de plantaazjes fan 'e koloanjes Mauritsius en Reünion, yn 'e Yndyske Oseaan. De fraach nei slaven wie sa grut, dat guon slavekeaplju, lykas de beruchte Tippu Tip, op in stuit fêste bases oanleine yn it Afrikaanske binnenlân, by Tabora en Ujiji. Hjirtroch waard Sansibar sa wichtich, dat sultan Saïd bin Sûltan fan Omaan syn hof yn 1832 ferpleatste fan it Arabysk Skiereilân nei Sansibar.

In Swahily-frou yn Sansibar.

Mids njoggentjinde iuw arrivearren ek de earste Jeropeeske ûntdekkingsreizgers en sindelingen oan 'e Swahilykust, om dêrwei it Afrikaanske binnenlân yn te reizgjen. De sindelingen, lykas de ferneamde David Livingstone, besochten oan 'e kust, dy't tsjin dy tiid stevich yn 'e gryp fan 'e islaam ferkearde, om 'e nocht it kristendom te bringen en wiene skokt troch de eksessen fan 'e slavehannel. Nei ûntdekkingsreizgers en de sindelingen folgen de ympeariumbouwers, en tsjin 1880 wie Sansibar yn 'e Britske ynfloedssfear lutsen. Yn 1884 stiften de Dútsers harren koloanje Dútsk East-Afrika (dêr't letter Tanganjika út fuortkomme soe) en yn 1886 fêstigen de Britten har bewâld oer Britsk East-Afrika, it lettere Kenia.

De striidkwestje om Sansibar, dêr't de Dútsers ek oanspraak op makken, waard yn 1890 regele mei it Hilgelân-Sansibar-ferdrach wêrby't de Britten it eilân Hilgelân, yn 'e Dútske Bocht, ôfstiene yn ruil foar it opjaan troch de Dútsers fan al harren oanspraken op Sansibar. Under it Britske bestjoer waard it near lein op 'e slavehannel, dy't ûnder Britske druk al yn 1845 beheind wie ta de hannel tusken de Sansibareilannen en it fêstelân fan Afrika, en yn 1873 hielendal ferbean waard. Underwilens wie it Sultanaat Sansibar yn 1856 ûnôfhinklik wurden fan Omaan, mei in eigen foarstehûs (in tûke fan 'e sultansfamylje fan Omaan) dat fan 1890 ôf regearre ûnder in Britsk protektoraat.

It Dútske bestjoer oer Tanganjika duorre oant de ein fan 'e Earste Wrâldoarloch, doe't Dútslân al syn koloniale besittings ûntnadere waarden. Neitiid waard Tanganjika as in mandaatgebiet fan it Folkebûn (en letter as in trustgebiet fan 'e Feriene Naasjes) bestjoerd troch de Britten. Yn 'e koloniale tiid waard it Swahily as in legere bestjoerstaal njonken it Ingelsk ynfierd yn hiel East-Afrika. Dêrfandinne dat it troch Tanzania en Kenia (en letter ek troch Oeganda) ynfierd waard as offisjele taal doe't dy lannen dekolonisearre waarden. Tanganjika wûn syn ûnôfhinklikens yn 1961, twa jier letter, yn 1963, folge troch sawol Kenia as Sansibar. Yn Sansibar duorre it bewâld fan 'e sultans dêrnei noch mar ien moanne, fan desimber 1963, doe't it eilannerykje selsstannich waard, oant jannewaris 1964, doe't de lêste sultan, Djamsjyd bin Abdûlla, by in bloedige revolúsje ôfset waard. Dêrnei waard de Folksrepublyk Sansibar en Pemba útroppen, mar in fearnsjier letter, yn april 1964, waard dat lytse steatsje ûnder it regear fan presidint Abeid Karume by Tanganjika foege, sadat der in nij lân ûntstie mei in namme dy't opmakke wie út 'e earste wurdlidden fan 'e beide eardere steaten: Tanzania.

In smel steechje yn Sansibar.

Sûnt dy tiid foarmet Sansibar in autonome republyk binnen Tanzania, hoewol't it selsbestjoer fan 'e regio ûnder it mear as fyftichjierrich regear fan 'e Tanzaniaanske Chama cha Mapinduzi (CCM, "Partij fan de Revolúsje") sterk útholle is. Sûnt de ûnlijich ferrûne ferkiezings fan 1995 hat him op Sansibar in lûdroftige ûnôfhinklikheidsbeweging ûntjûn dy't op polityk mêd fertsjintwurdige wurdt troch it Civic United Front (CUF). Nei de ferkiezings fan 2000, wêrby't op grutte skaal fraude plakfûn, waarden folksprotesten op Sansibar bloedich ûnderdrukt doe't oerheidstroepen yn jannewaris 2001 it fjoer iepenen op demonstranten. Dêrby kamen 35 minsken om it libben en rekken 600 oaren ferwûne. Neitiid ûntflechten in protte Sansibarezen op fiskersboaten Tanzania en sochten beskûl yn 'e buorlannen. Yn 2009 kaam it op Sansibar ta in fermoedsoening tusken de CCM en it CUF.

In minaret en in tsjerketoer deun byinoar yn Sansibar.

De taal fan 'e Swahily is it Swahily, dat yn East-Afrika troch sa'n 5 miljoen minsken as memmetaal sprutsen wurdt (wêrfan fan mar 2 miljoen etnyske Swahily), en wrâldwiid mooglik wol troch 130 oant 150 miljoen minsken as twadde taal oanleard is. It Swahily is in Bantoe-taal, dy't mei in grut tal oare talen yn Sintraal-, East- en Súdlik Afrika troch taalkundigen ûnderbrocht wurdt yn 'e grutte Niger-Kongoleeske taalfamylje. De naust mei it Swahily besibbe talen binne it Komoreesk, de nasjonale taal fan 'e Komoaren, en it Midjikenda út Kenia. It Swahily hat in offisjele status yn Kenia, Tanzania, Oeganda en de tsien eastlike provinsjes fan 'e Demokratyske Republyk Kongo, en wurdt yn East-Afrika en it gebiet fan 'e Afrikaanske Grutte Marren rûnom as lingua franca brûkt, oant yn noardlik Sambia en Malawy ta.

De islaam fêstige him fan 'e njoggende iuw ôf oan 'e Swahilykust. Benammen fanwegen harren hannelskontakten mei it Midden-Easten wiene de Swahily yn East-Afrika ien fan 'e earste etnyske groepen dy't it nije leauwe oannamen. Sûnt hat de islaam in ferienjende rol spile dy't de wiid fersprate Swahily mei-inoar ferbynt. It wiene de Swahily dy't op har beurt de islaam yn it efterlân fan East-Afrika yntrodusearren. Hoewol't Westerske sindelingen yn 'e njoggentjinde iuw war diene en bekear de Swahily ta it kristendom, wie dat, yndividuële gefallen bûten beskôging litten, alhiel om 'e nocht.

De Swahily hingje in frij strange en yn elts gefal otterdokse foarm fan 'e islaam oan. Sa wurdt it Sûkerfeest, dat de ein fan 'e fêstelmoanne Ramadan markearret, rûnom fierd yn gebieten dêr't de Swahily de mearderheid fan 'e befolking útmeitsje. Grutte oantallen Swahily út Tanzania, Kenia en Mozambyk ûndernimme fierders de ferplichte hadj, de pylgerstocht nei Mekka. Ek wurde tradisjonele foarmen fan islamityske kledaazje, lykas de djilbab en de thob, mank de Swahily in protte droegen. Oan 'e oare kant dogge de Swahily ek oan divinaasje, dat se oernommen of beholden hawwe út 'e Afrikaanske natoerreligyen. Sokke takomstfoarsizzings wurde lykwols dien troch op willekeurige wize in fers út 'e Koraan oan te wizen en de tekst dêrfan ta te passen op wat men witte wol. Fierders drage Swahily-manlju gauris amuletten wêrfan't se leauwe dat dy har beskermje sille.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.