Springe nei ynhâld

Martin Luther King

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Martin Luther King jr.)
Martin Luther King (1964)

Martin Luther King jr., ek wol bekend ûnder syn inisjalen MLK (Atlanta (Georgia), 15 jannewaris 1929Memfis (Tennessee), 4 april 1968), oarspronklik Michael King jr, wie in Amerikaanske dûmny, polityk lieder en ien fan de meast promininte leden fan de Amerikaanske boargerrjochtenbeweging.

Syn jonge jierren

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Martin Luhter King groeide op yn in leauwige húshâlding, syn heit wie dominy en syn mem wie learares. Hy hie ien âldere suster en in jongere broer. It wie thús net hiel min, de bern koenen nei skoalle en hoegden net te wurkjen. Doe't Martin Luther jong wie murk hy al dat er oars behannele waard fanwege syn swarte hûdkleur. Yn Amearika wie der in rassenskieding. Dat hâldt yn dat foar de swarte ynwenners oare regels wienen as foar de blanken. In foarbyld wie, der wienen sitplakken foar blanke minsken en ek foar donkere minsken. Martin mocht net boartsje mei bern dy’t blank wienen. De heit fan Martin koe hjir net goed oer. Hy fûn dast swarte minsken net as slaaf of as minder persoan sjen mochten. Sa waard Martin thús dan ek opfieden. In foarbyld dêrfan is dat doe’t Martin tegearre mei syn heit skuon keapjen gie, se yn in aparte romte foar swarten sitten gean moasten. Syn heit wegere dit, en se binne der sûnder skuon útrûn.

De tsjerke dêr't Martin Luther King preke yn Montgomery

Foardat Martin nei it kolleezje gie, fertsjinne hy wat jild by yn Connecticut op in tabaksplantaazje. Yn Connecticut wie alles oars. Hy besaude him oer it feit dat blanken en donkere minsken itselde mei elkoar omgongen. Op syn 15e jier gie hy Sosjology studearjen yn it Morehouse College. It wie in skoalle dy’t de bern fierder neitinke liet. Se moasten bygelyks neitinke oer it rassenprobleem. Op Morehouse wist er seker dat er dominy wurde woe. Hy woe de minsken ynsjen litte hoe ûnearlik rasisme en diskriminaasje is. Yn 1948 mocht er teology studearje oan it ynstitút Grozer. Hjir hearde hy oer de geweldleaze ideeën fan Ghandy. Dit makke grutte yndruk op him. Dat idee hat hy sels letter ek brûkt. Je hoegden net te fjochtsjen om je sin te krijen. Nei it Grozer Ynstitút gie hy noch fierder studearjen yn Boston. Hjir waard er oplaat foar dominy. Yn 1953 troude Martin Luther mei Coretta Scott. Sy krigen tegearre 4 bern. Yn 1954 waard Martin dominy by in tsjerke fan de Baptisten yn Montgomery.

De striid tsjin rasisme en diskriminaasje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

As dominy besocht Martin Luther King de swarte minsken te ferienigjen. Hy hie gjin hekel oan blanke minsken. Neffens him wienen der ek in soad blanken dy’t gelikens neistribben.

Op 1 desimber 1955 barde der yn Montegomery wat dat foar grutte opskodding soargje soe. De swarte frou Rosa Parks wegere har plak yn de bus ôf te stean oan in blanke, se wie wurch. De plysje waard der by helle en Rosa Parks waard arrestearre. Se krige in boete fan 10 dollar. De swarte befolking fan Montegomery wie no echt lilk. Under lieding fan Martin besleaten se om net mear mei de bus te gean. Op 5 desimber 1955 wurdt Martin Luther King ferkeazen ta haad fan de nije protestgroep “MIA” (Montegomery Inprovement Association). Martin Luther warskôge de minsken foar in boykot en woe gjin geweld. Op moandei 5 desimber rieden der hast gjin donkere minsken mei de bus. Se gienen rinnen of mei de taksy, of se rieden mei elkoar. De aksje wie in grut súkses. De busmaatskippijen wienen lilk, se makken grutte ferliezen. Lilke blanken foelen swarte wenwiken binnen en makken rûzje. De plysje die niks. Maarten Luther klage hjir oer. Yn die tiid waard Martin ferskillende kearen bedrige en opsletten. De aksje waard folhâlden en mei súkses. Yn 1956 waard de wet feroare en de rassenskieding yn de bus waard ferbean.

Martin Luther King op besite by presidint Lyndon B. Johnson.

Yn 1956 wurdt Martin Luther delstutsen yn in winkel. Hy kaam dêr praten oer in boek dat hy skreaun hie. Hy lei trije wiken yn it sikehûs. Mar de aksjes gyngen troch. De aksjes dy't organisearre waarden hellen faak de krantekoppen. Minsken gienen beseffen wat rassenskieding eigenlik ynhâldt. Hy en oare aksjefierders kamen faak yn problemen mei de plysje. Se waarden arrestearre en slein. It geweld fan de plysje soarge der foar dat minsken seagen wat der barde. Sjoernalisten sieten der boppe-op. Sa seach presidint Kennedy, in foto fan in âlde swarte frou dy't oanfallen waard troch in grutte plysjehûn. Dit fûn hy ferskriklik. Troch al dizze skokkende bylden waarden de bestjoerders fan it lân twongen om de wet te feroarjen. De rassenskieding yn parken, bibleteken, en oare iepenbiere gebouwen waard ôfskaft. Mar dit wie net genôch. De boargerrjochten moasten sa ynsteld wurde dat iderien gelyk wie. Yn de simmer fan 1963 kaam ien fan de swarte lieders A.Philip Randolph mei in idee, in mars nei Washington ta. Op 28 augustus kamen der 250.000 minken fan alle kanten Washington binnen. Manlju, froulju, donkere minsken en mear as 60.0000 blanke minsken. Se kamen byelkoar by it monumint fan presidint Lincoln, de befrijer fan de slaven. De hiele wrâld seach de grutste byienkomst yn 'e skiednis yn frede en yn kalmte ferrinnen. Miljoenen minsken seagen fia de telefyzje wat der barde. Dêr spruts Martin Luther King syn meast ferneamde speech.

"Ik haw in dream dat op in dei op de reade heuvels fan Georgia de soannen fan eartiidske slaven en de soanen fan eartiidske slavedriuwers tegearre sitte oan de tafel fan bruorskip. Ik haw in dream dat sels de steat Mississippy, in steat dy't ferstikt wurdt troch ûnrjocht en ûnderdrukking feroarje sil yn in oaze fan frijheid en gerjochtichheid. Ik haw in dream dat op in dei myn fjouwer jonge bern libje sille yn in naasje wêr't sy net beoardield wurde op de kleur fan harren hûd, mar op de ynhâld fan harren karakter. Dizze speech sette minken oan ta neitinken".

De tombe dêr't Martin Luther King yn leit.

De striid ta de dea

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op 22 novimber wurdt John F. Kennedy, de presidint fan Amearika, fermoarde. Hy wie ien fan de minsken dy’t ûnder de yndruk wie fan it wurk fan Martin Luther King. Doe’t Martin hearde fan de moard, sei er tsjin syn frou dat dit him ek oerkomme soe. Dit omdat it in siik lân is. Gelokkich wie de opfolger fan Kennedy, presidint Lyndon B. Johnson ek fan plan om mei te wurkjen. Op 2 july tekene dizze presidint in wet dy't der foar soarge dat de rassenskieding yn iepenbiere gelegenheden ûnwettich ferklearre waard. Yn 1964 gie hy op besite by Paus Paulus VI en de boargemaster fan Berlyn, Willy Brandt. Op 10 desimber krige hy de Nobelpriis foar de Frede.

Op 6 augustus 1965 ûndertekene de presidint in wet dy’t der foar soarge dat iderien stimrjocht krige. Dochs woenen minsken snellere resultaten sjen. Se tochten dat dit better koe as se geweld brûken gienen. Martin Luther wie hjir op tsjin. Mar donkere minken bleaunen yn it ferdomhoekje. Minsken wienen bang, dêrom organisearren se de mars tsjin de eangst. Dit soarte demonstraasjes waarden bekûgele mei stiennen. Yn de twa jier dêropfolgjend bleau hy striden foar gelykheid, geweldleazens en tsjin earmoede. Ek demonstrearre hy tsjin de oarloch yn Fietnam.

Yn 1968 gie hy nei Memfis ta. Om in taspraak te hâlden foar bettere wurkomstandichheden foar jiske-ophellers. Hy soe in pear dagen bliuwe. Op de twadde dei fan syn ferbliuw op 4 april 1968 wurdt hy op it balkon fan syn hotel delsketten troch in blanke man, James Earl Ray. Martin Luther King stjert in oere nei oankomst yn it sikehûs. Yn in soad stêden brieken rellen út. De moard soarge der foar dat hy noait fergetten wurde sil as strider foar de rjochten fan de minske. Hy waard op 5 april 1968 begroeven. Syn kiste wurdt nei it grêf brocht op in wein dy't lutsen wurdt troch twa mûlezels. Mear as 150.000 minsken, donker en blank rûnen mei de wein mei. Martin Luther King is 39 jier wurden.

Ut earbied waard yn 1986 troch de Amerikaanske regearing besletten om de tredde moandei fan jannewaris ta nasjonale feestdei út te roppen. Dit ta eare fan Martin Luther King.